Frou sjocht man mei wapen riden, plysje hâldt fertochte oan op A7

De plysje hat op de A7 in automobilist fan de dyk helle, dy't in fjoerwapen by him hie. It wapen wie sjoen troch in frou dy't yn in oare auto siet. Dat meldt de plysje. De frou koe plysjes in goeie beskriuwing jaan fan de auto en fan it wapen.
© ANP
By De Gordyk ha plysjes de bewuste auto oan de kant fan de dyk setten. De bestjoerder is der neffens de plysje mei in standert-proseduere út praat. It gong om in 20-jierrige man út De Fryske Marren. Hy is oanholden op fertinking fan ferbean wapenbesit.
It wapen lei op dat stuit yn it dashboard-kastje. It blykte te gean om in luchtdrukwapen.
De fertochte is heard, en de plysje hat proses-ferbaal opmakke. Dêrnei mocht er wer nei hûs. It wapen is yn beslach naam.