Provinsjale Steaten prate - foar it earst digitaal - oer rekreaasjesektor

22 apr 2020 - 12:36

De Provinsjale Steaten fan Fryslân kamen woansdei foar it earst digitaal gear. Kommissaris fan de Kening Arno Brok siet yn de Steateseal foar in kamera mei syn griffier, mar alle 43 Steateleden en deputearren sieten gewoan thús. Ien fan harren is Romke de Jong fan D66.

It gie ûnder oare oer de rekreaasje- en toerismesektor. "Dy hawwe it op dit stuit tige swier. Dat is ferskriklik. Dêrom is it ek tige dreech om belied op te stellen foar de kommende 6-7 jier fêst te stellen wylst it no op 'e kop stiet," seit D66-fraksjefoarsitter Romke de Jong.

Rekreaasje

D66 wol dat der in aksjeplan komt. "Ik hoop dat de provinsje in ferskil meitsje kin. De stipemaatregels fan it kabinet binne net genôch. Wy sjogge dikke wolken boppe de sektor hingjen, hielendal mei de parsekonferinsje fan tiisdei. Wy hope dat ús kolleezje de sektor oerein hâlde kin. Wy tinke dat minsken takom jier mear yn it binnenlân rekreëarje. Dan moatte wy der ek wêze," fynt De Jong.

D66-fraksjefoarsitter Romke de Jong - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Deputearren Sander de Rouwe en Avine Fokkens besykje yn petear mei banken te gean om dy te bewegen om wat rommer om te gean mei de betingsten. "Dat soe moai wêze. Want guon bedriuwen hawwe no ynienen in liening nedich. It kostet ek tiid, wat de ûndernimmers net hawwe. Deputearren kinne der miskien foar soargje dat der wat snelheid yn komt."

Iisfabryk

Romke de Jong is njonken politikus ek ûndernimmer, fan it iisfabryk De Jong op De Gordyk. "De produksje foar de supermerken giet goed, troch hiel Europa hinne. Mar de iiskar foar festivals en eveneminten, dat stiet stil. Nul oan omset sûnt maart. Wy hawwe grutte yngrepen dien yn de begrutting en ynvestearringen útsteld. Wy besteane al lang en kinne wol in stjit hawwe. Mar it bliuwt dreech."

Mei de post stimme

De digitale gearkomste gie better as ferwachte. "It is fansels wol efkes wenne, mar snelheid sit der yn en wy kinne goed prate. Wy krije ek wat debat. Wy hawwe ek in foarbyldfunksje, dus dat moat ek wol." Dochs is De Jong noch net tefreden oer it stimmen. Want dat moat noch op papier. Mei de post moatte de stimmen opstjoerd wurde. "Ik bin dêr ek wol wat teloarsteld yn. Yn alle oare provinsjes kin wol digitaal stimd wurde. Dit giet sa âlderwetsk, ik hoop dat it wol better wurdt, dit past eins net by it snelle hanneljen fan de Steaten."

Ferslachjouwer Onno Falkena en Romke de Jong fan D66

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)