GGD: Ien nij coronastjergefal, njoggen nije positive tests

22 apr 2020 - 12:09

Der is de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân ien coronastjergefal meld. Dat meldt GGD Fryslân. It oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus stiet dêrmei op 52. Der binne njoggen nije positive tests by kaam. Yn totaal is it firus no by 466 minsken fêststeld.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Dat binne twa positive tests mear as tiisdei. As je de Fryske sifers ferlykje mei dy fan de rest fan it lân, dan liket it hjir noch ta te fallen. Der binne neffens GGD Fryslân trije redenen wêrom't it coronafirus Fryslân oant no ta minder hurd treft:

  1. De timing fan de maitiidsfakânsje. Dy wie yn regio Noard in wike earder as yn midden- en súd-Nederlân. Doe't minsken út it Noarden yn Italië en Eastenryk op fakânsje giene, wie it firus dêr noch net sa wiidferspraat en kamen der relatyf net in soad minsken mei it firus werom. In wike letter, doe't it midden en suden fan Nederlân op wintersport gie nei deselde gebieten, hie it firus yn Italië en Eastenryk al flink om him hinne grypt. Dêrtroch kamen mear minsken út midden en súd mei it firus ûnder de lea werom nei hûs.
  2. Minder grutte en lange feesten, dus minder yntinsyf kontakt. Ek karnaval joech it firus, benammen yn Noard-Brabân, de kâns om om him hinne te gripen. It Noarden is gjin karnavalsregio en der wiene ek net in soad grutskalige gelegenheden yn Fryslân mei yntinsyf kontakt. It firus krige yn it Noarden dêrtroch minder kâns om him te fersprieden.
  3. Alle Friezen wurde oproppen om har oan de maatregels te hâlden. Nettsjinsteande ús relatyf goede posysje yn de coronakrisis hâldt ús provinsje him oan de lanlike maatregels. GGD Fryslân en Feilichheidsregio Fryslân roppe alle ynwenners en ûndernimmers op om dit folhâlden te bliuwen. Lykas ôfstân bewarje ta oaren, safolle mooglik thús wurkje en libje. Der wurdt al in oantal wiken in grut berop dien op de loyaliteit fan de Friezen mei kwetsbere minsken én de swier troffen regio's. Dêr jout elkenien goed gehoar oan. Dêrneist krije wy, krekt as de oare GGD'en yn Nederlân, de romte om mear minsken, benammen soarchmeiwurkers, te testen en sa fierdere fersprieding foar te kommen.

Premier Rutte kundige tiisdei oan dat de maatregels foar in part ferromme wurde, mar dat der ien line oanhâlden wurdt foar it hiele lân. Mar wat hat it foar doel dat der ek yn it Noarden, dêr't it firus minder om him hinne grypt, strang hanthavene wurdt? "Het is juist goed om het landelijk te doen. Ten eerste omdat je er dan samen aan werkt en solidair bent met elkaar", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân.

"Het betekent ook dat als wij onze cijfers zo laag kunnen houden, de druk in onze ziekenhuizen veel lager is. Daarmee kunnen onze ziekenhuizen ook mensen uit meer getroffen gebieden overnemen." Premier Rutte sei tiisdei dat de druk op sikehuzen noch hieltyd heech is. Dat moat earst stabilisearje foar't de maatregels wer ferromme wurde. "We moeten nog even geduld hebben met elkaar en met de zorg."

Skoalpersoniel test

De skoallen binne bliid dat se ynkoarten wer iepen kinne. Premier Rutte sei wol dat dat allinnich kin as it skoalpersoniel test wurdt. Neffens De Graaf is GGD Fryslân der goed op taret: "We hebben goed opgeschaald, er staan veel mensen klaar op te kunnen testen. Dat gebeurt nog altijd op uitnodiging en op verwijzing van een arts. We hebben een capaciteit van 100 per dag en we zitten nu op 70, dus daar kunnen zeker mensen bij." Oer wa't test wurde kin, moatte noch ôfspraken makke wurde. "Het RIVM geeft daar richtlijnen voor en die volgen wij altijd, zowel voor zorgpersoneel als andere mensen."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)