Revalidatie Friesland makket behannelprogramma foar pasjinten nei corona

22 apr 2020 - 10:35

Revalidatie Friesland hat in behannelprogramma makke foar minsken dy't it coronafirus hân hawwe. It is bedoeld foar minsken dy't op de reguliere ôfdielingen fan sikehuzen opnommen west hawwe, en foar minsken fan intensive cares.

Revalidatie Friesland hat in post-coronabehanneling - Foto: Revalidatie Friesland

Pasjinten dy't wer wat opknappe, kinne ferskate klachten hawwe. Bygelyks problemen mei it sykheljen, it minder fysyk funksjonearje kinnen of emosjonele problemen. Dêrom is it neffens de organisaasje goed om mei in werstelprogramma werom te kommen yn it deistich libben.

De behanneling kin oanpast wurde op de pasjinten sels. In fysioterapeut en ergoterapeut foarmje de basis, om't it benammen om fysike beheiningen giet. Foar pasjinten mei longproblemen is der ekstra omtinken foar fentilaasje. Mar ek dingen as itensproblemen, logopedy en psychologyske problemen kinne oanpakt wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)