Twa hûzen flink skansearre nei brân yn sket Sint-Anne
De brânwacht waard woansdeitemoarn om healwei tsienen hinne alarmearre foar in brân yn de Slimstrjitte yn Sint-Anne. Troch noch ûnbekende oarsaak fleach in sket tusken twa wenten yn 'e brân. De brân sloech oer nei in kezyn en de foardoar fan beide wenten.
De brânwacht koe foarkomme dat de flammen nei binnen ta oersloegen. Wol rekken beide wenten flink skansearre troch de brân. De brânwacht is op dit stuit beide wenten oan it fentilearjen. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de brân. Der rekke gjinien ferwûne.