Wenningoerfal oan de Parkloane yn De Westereen

Oan de Parkloane yn De Westereen hat woansdeitemoarn in oerfal op in wenning west. De plysje waard krekt nei healve njoggenen oproppen. De plysje siket op dit stuit twa jonge manlju yn de omkriten fan it doarp.
© De Vries Media
De strjitte is troch plysjeminsken mei lint ôfset. It is net bekend oft der wat stellen is by de oerfal. De plysje hat wol in Burgernet-melding ferspraat, dêr't yn oproppen wurdt om mei út te sjen nei de twa sochte manlju.