Jongereinwurkers en jongelju yn coronatiid

Wat betsjut de coronakrisis foar jongelju? Je kinne net mear nei skoalle, mar je meie ek net mei freonen ôfprate. Neffens jongereinwurkers komt iensumens dêrom wat mear foar yn dizze tiid. Mar guon oaren binne wolris rebelsk.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Foar kultureel wurkers is digitale kommunikaasje ûnmisber wurden yn dizze krisis. Dêr't se foar it coronafirus harren doelgroep ûnder oaren op strjitte, yn it doarpshûs of de jeugdsoas troffen, no gean in soad petearen fia Facetime of apps. En dat freget in hiele oare wize fan wurkjen en tinken, seit kultureel wurker Redmar Severein. Hy heart by wolwêzensorganisaasje Kearn dy't yn de hiele gemeente Tytsjerksteradiel aktyf is.
Hy seit dat der no wol mear jongelju binne dy't iensum binne. "Het is voor ons ook meer individueel werken nu. We zijn op zoek naar alternatieven zoals beeldbellen. We proberen op zoek te gaan naar de mensen waar je niets van hoort, om een hart onder de riem te steken. Van jongeren horen we dat ze het soms niet begrijpen, de maatregelen zijn soms ook nog wel wat onduidelijk voor jongeren."

Falle en opstean

Severein seit dat alle maatregels foar guon jongelju wol dreech binne. "Jongerenwerkers zijn geen handhavers. Maar als we hele zorgelijke dingen horen, gaan we dat wel overleggen. Dat doen we meestal met jongeren zelf. Maar dat kan ook in overleg met de politie. De meeste jongeren gaan er goed mee om. Toch blijft het vallen en opstaan en gaat het hier en daar ook mis. Er staan netjes drie jongeren bij elkaar, en dan komen er vijf bij. Wat doe je dan? Wie is de eerste 'bangerik' die zegt: ik ga weg en spreek anderen aan?"
Kultureel wurker Redmar Severein

Schelte en Rianne

We misse it kontakt mei ús freonen en bale dat der gjin eveneminten binne dizze simmer, mar fierder is it prima te dwaan. Dat sizze jongelju Schelte en Rianne oer dizze krisitiid. De iene komt út Hurdegaryp de oare út Jistrum en beide sitte op de middelbere skoalle. Sy folgje alle ûntwikkelingen op 'e foet en hawwe best wol begryp foar alle maatregels.
Rianne: "Ik haw it ryk allinne, ik bin mei myn mem en om de wike by myn heit. Dat giet wol goed. It hat ek syn foardielen en neidielen. Ik folgje it nijs wol. Ik bin der net hiel bang foar, mar myn mem falt wol ûnder de risikogroep. Dus ik moat der wol in bytsje om tinke. Mar it is ek gewoan akseptearje. Wat ik net leuk fyn is dat ik net mei freonen ôfprate kin. Mar dat sil mei de tiid wol wer oplosse."
Schelte: "Ik haw wol in pear broerkes, mar it is ek wol wer gesellich. It kaam earst noch net hielendal binnen, ik tocht wat is dit foar gedoch. It is ek wolris dreech om je altyd oan de regels te hâlden, der mislearret ek wolris wat. Mar no sjoch ik myn freonen ek wol online. Yn it echt somtiden ek wolris, mar wol mei genôch ôfstân en net mei syn allen byinoar."
Schelte en Rianne oer hoe't sy dizze coronatiid belibje