Kollum: "Oardelmetermienskip"

22 apr 2020 - 08:48

"Rutte wie juster dúdlik. Hy begrypt o sa dat jo je heit fan 98 noch in kear moetsje wolle. En dat jo nedich nei de kapper moatte. Mar it kin net. Der kin net sa folle mear dit jier. Rutte sei earst 'hou vol'. Dat ha we dien. Mar no moatte we linkendewei nei in oardelmetermienskip. In skets fan takom jier, 2021.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

In skûtsje is 19 meter lang en trije meter breed. Dus der soenen noch sa'n sân bemanningsleden oardel meter fan elkoar op in skûtsje sitte kinne. Dan moat de âlde swurdslierkes der wer op. Seil en fok swier reve, oars kinne se it net sjorje. Foar my as sjuerylid by de SKS wurdt it makliker. As de skippen net tichter as oardel meter by elkoar lâns meie, ha wy neat te dwaan.

Yn Ealahuzen is in pear jier lyn in lyts restaurantsje kaam. Yn it kantoarke fan it âld molkfabryk. Dus hjit it restaurantsje 'De Nieuwe Melkfabriek'. Dêr kinne je ite yn in romte fan pak him beet fiif by fiif. Yn de oardelmetermienskip kinne dêr dus mar trije minsken ite.

Ek gâns oare restaurants ha aanst swierrichheden. As it iten servearre wurdt, gean de gasten der nei it slokje earst wer út, as se de ober teminsten ferstean efter syn mûlkapke. Dan set dy ober it iten op tafel en dan komt it duo iters, want mear mei net oan ien taffeltsje, wer werom. Yngewikkeld.

Foar guon minsken wurdt it lykwols fleurich. Wat moai dat jo kapper aanst in mûlkapke foar ha sil. Dan hâldt er einliks in kear de mûle, yn stee fan allerhande domme fragen te stellen oer je bern of oer de fakânsjes. Dy't je ek al net mear ha.

De oardelmetermienskip hâldt yn dat we aanst altyd op syn Ingelsk, dus netsjes op oardel meter fan elkoar, yn de rige stean moatte. Stel, Hearrenfean-Ajax lûkt 20.000 taskôgers. As dy yn de oardelmeter rige stean, dan is dy rige 30 km lang. Jimme begripe it, dan starte by it Cambuur stadion.

Elkenien moat fan Rutte sykje nei syn oardelmeter. Myn akupunktuerist is al oan it oefenjen mei prikkers fan oardel meter. Plus it fiif sintimeter nuddeltsje. De dûnslearaar hat no in plestik poppe. Dêr dûnset hy mei om sjen te litten hoe't dat moat. Net mear oan de echte klanten komme. Gean sa mar troch.

Oan de oare kant is it ek wol goed. Dat we ús de hannen faker waskje. Dat we net altyd oan elkoar sitte te griemen. De winkels giet no dochs prima. It is ek net mis dat je no as byfertsjinste karkeferskjinjen ha kinne. En dat dy grouwélige buorfrou fan 200 kilo jo net mear oan de kant reaget.

Prima dat grutte bedriuwen de freeslike kantoartunen ôfskaffe sille. Ik ferjit noait wer dat ik der by de Omrop ynkaam en dat der net in plak mear foar my wie yn sa'n tún. Keapje mar wat fan dy winkels dy't leech stean om't se alles fia ynternet dogge, en meitsje dêr kantoaren fan. En splits jim grutte direksjekantoaren mar yn tsienen.

We binne ek ôf fan it probleem dat guon wrede âlden har bern tsjin de holle slagge. Mei net mear, dan is de oardelmeter fuort. Bankierje, parkearje en wat al net, it sit aanst allegear yn appkes op ús telefoan.

Boufakkers woene earst allegear mei eigen auto nei de klant, mar dat is tefolle CO2. Nee, se moatte aanst folle bredere auto's meitsje, dan kinne se oardelmeter fan elkoar ôf sitte. It betsjut wol dat we oeral ienrjochtingsferkear krije, der kin mar ien sa'n breden oer de dyk.

Ien ding ha ik noch net oplost. Echte mienskip. De seks dus. Rutte en Van Dissel hearre je dêr noait oer. 'Hou vol' sizze se, mar dat slacht neffens my dêr net op. As je no op ien plak de sykte oerdrage kinne, is dat mei seks. Dat kinne je net dwaan op oardel meter ôfstân. Mei in mûlkapke wol ek net. En je kinne absolút net mear oeral en mei elk seks ha, sa't ek wol in soad bart.

Hoe regelje we de seks yn de oardelmetermienskip. Ah fansels, in stikje pleksyglês der tuskenyn. Ek wer oplost. We binne der klear foar."

(advertinsje)
(advertinsje)