Alle Fryske iepenloftspullen yn 2020 lykje fan de baan

22 apr 2020 - 08:26

Der wiene al in soad fan 'e baan, mar no is it doek wol definityf fallen foar de measte iepenloftspullen yn dit jier. De mearderheid fan de foarstellingen skoot troch nei takom jier.

It wie al digitaal repetearjen foar it iepenloftspul yn Jorwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Jelle Wesselius is foarsitter fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân en sjuerylid fan de Gouden Gurbe, de Oscar foar de iepenlotspullen. Wesselius hat fan de measte iepenloftspullen al berjocht hân. "It is ûnfoarstelber wat der dit jier bart, mar it is ek begryplik. It iennige dêr't ik noch gjin berjocht fan haw, is dat fan Jorwert. Mar ik kin my ek hast net foarstelle dat dat wol trochgiet. Mar alle oaren binne skrast. Ik haw hjir al 13 op papier, der binne fansels mear, guon mei in oare foarm."

"Ek al sit dat 'm yn it lytse"

It binne net allinne foarstellingen dy't oan it begjin fan de simmer wêze soene. Wesselius: "Mar ek iepenloftspullen yn augustus en septimber, want dy kinne gewoan noch net repetearje. Dan sit der neat oars op as útstel. De measten geane gewoan troch nei takom jier. Je sjogge ek wer inisjativen, út need berne. Der wurdt ek altyd wol wer socht nei wat oars. Ek al sit dat 'm yn it lytse. Litte wy ús dêr mar oan fêsthâlde."

Wesselius tinkt dat it dêrom wol drok wurdt takom jier. "It sil noch grif passen en mjitten wurde. Takom jier wurdt wol ferskriklik drok as je sjogge wat der allegearre útsteld is oan fan alles en noch wat. Ik hâld myn hert wol wat fêst. Mar it is net oars."

Jelle Wesselius oer de iepenloftspullen

(Advertinsje)
(Advertinsje)