Online audysjes foar teäterfoarstelling De Tocht sette útein

Fan woansdei ôf kin der audysje dien wurde foar it grutte teäterspektakel De Tocht. Foar de haadrollen binne akteurs benadere, mar eltsenien makket kâns om ien fan de byrollen of figuranten te spyljen.
© Omrop Fryslân
De foarstelling oer de Alvestêdetocht moat krekt sa'n grut barren wurde as Soldaat van Oranje en giet yn premjêre op 2 oktober 2021. Dat liket noch fier fuort, mar de audysjes moatte no wol úteinsette.
Der binne yn de foarstelling fiif haadrollen foar om de tritich jier hinne dy't in freonegroep spylje en ien grutte rol foar in frou fan sa'n fyftich jier. Der binne al reaksjes binnen foar dizze rollen, seit assistint-regisseur Tjerk Kooistra.

Alvestêdetocht lûkt akteurs oan

"It tema Alvestêdetocht wurket goed. Wy hawwe ek reaksjes krigen fan minsken dêr't wy nea oan tocht hawwe om te freegjen." Kooistra mei gjin nammen neame mar omskriuwt wol ien akteur. "Hy spilet yn Dútslân en is in wrâldstjer yn musicallân. Wy hiene der net iens fan dreamd om him te freegjen, mar hy hat ús benadere."
Wat neffens Kooistra ek meispilet is corona. "Der gean projekten net troch en akteurs komme dêrtroch frij."
Omrop Fryslân folget de ûntwikkelingen fan it teäterstik. Yn maart stelde de organisaasje fan De Tocht 16.868 'startbewizen' beskikber. En om ynspiraasje op te dwaan hawwe de regisseur, skriuwer, komponist en koreograaf harren ferline jier in wike lang ûnderdompele yn de alve stêden fan Fryslân.

50 persint Frysk

Kooistra hat sels ek ien stribjen as it om de akteurs en de rest fan de crew giet. Hy wol eins dat de helte út Fryslân komt. "Wy hoege gjin 'posterboys' yn de foarstelling. Dat kinne ek gewoan Friezen wêze." Kooistra wol sjen hoe't se mei de foarstelling it teäterklimaat yn Fryslân ferbetterje kinne. Sadat de provinsje der ek wat oan oerhâldt.

Moatst ek reedride kinne om audysje te dwaan?

Ien foardiel fan in soad Friezen yn de foarstelling is dat dy nei alle gedachen ek goed reedride kinne. "Mar it wurdt echt gjin Dancing on Ice", seit Kooistra. De byrollen en figuranten moatte wol reedride kinne of it gau oppakke kinne. Foar de haadrolspilers wurdt wol reedrydles fersoarge as dit nedich is.
Audysje dwaan kin fia de webside fan musical De Tocht.