Begryp mar ek teloarstelling by VNO-NCW oer ferlinging coronamaatregels

22 apr 2020 - 07:58

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW hat begryp foar de ferlinging fan de maatregels om it coronafirus de kop yn te drukken, mar is ek teloarsteld. De wurkjouwers hienen de hoop dat guon bedriuwstûken dy't al plannen makke ha foar de oardelmeterekonomy wer iepen koene. Dat sit der lykwols noch net yn, sa sei premier Rutte.

Meiwurkster fan it Theehûs mei it oardelmeter-mjitlint - Foto: Omrop Fryslân

"Dat is een zware slag", seit Sieger Dijkstra. Hy is foarsitter fan VNO-NCW Noord. "32 bedrijfstakken hebben plannen ingeleverd om verantwoord zaken te doen, maar dat kan nog niet." Dijkstra begrypt de spagaat fan it kabinet. De sûnens stiet neffens him altyd foarop, mar sa seit hy: "De zorg moet ook betaald worden. Je moet dus ook aan de economie denken."

Dochs hopet hy dat it kabinet bedriuwen op koarte termyn perspektyf jout: "Dat er gekeken wordt naar de protocollen die al gemaakt zijn voor die anderhalvemetereconomie. Dat je de ondernemers laat werken aan volgende stappen."

Ekstra stipe foar ûndernimmers

Dijkstra wol dat it kabinet mei nije stipemaatregels komt foar it bedriuwslibben: "Het water staat veel ondernemers al aan de lippen. We gaan niet ontkomen aan extra faillissementen opleveren helaas want de reserves die bedrijven hadden, denk aan de horeca, raken op."

Dijkstra hopet dan ek dat as it kin, de minsken hjir yn eigen lân en regio har jild útjouwe: "Dat je naar een restaurant gaat om daar een maaltijd af te halen, in eigen land, hier in het noorden op vakantie gaat. Geef hier je geld uit."

Ljocht oan de hoarizon

Hoewol't de wurkjouwers op mear hope hiene, binne der ek ljochtpuntsjes. Sa gean de basisskoallen wer iepen en meie de bern ûnder de 12 jier wer frijút sporte. Dijkstra: "We zien een beetje licht maar wanneer de zon opkomt weet niemand. We moeten dan ook nu slim zijn met z'n allen. Dus de tijd gebruiken om werk te maken van opleidingen en van digitalisering. Dan komen we straks als het weer kan sterker en beter uit de startblokken."

Sieger Dijkstra, foarsitter fan VNO-NCW Noord

(advertinsje)
(advertinsje)