Coronanijs fan woansdei 22 april: Der lizze no 56 minsken mei corona yn Fryske sikehûzen

22 apr 2020 - 14:50

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne der oant no ta yn totaal 52 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 466 minsken binne posityf test.
  • Der lizze 56 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen.
  • Alle eveneminten oant 1 septimber binne skrast, dat waard tiisdei yn de parsekonferinsje fan it kabinet bekend.
  • De skoallen foar bern geane wer stadichoan iepen, besikersregeling ferpleechhuzen bliuwt foarearst itselde
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
  • Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:38
Ein fan dit liveblog

Oant safier dizze liveblog fan woansdei 22 april. Moarn fan seis oere ôf, it lêste nijs op Omrop Fryslân Radio en yn in nij liveblog. Foar no noch in goeie nacht!

22:17
Jubileum Hûnewipperrock ôfsein

Hûnewipperrock yn Rinsumageast kin dit jier fanwege de coronamaatregelen sa as in soad oare eveneminten, net trochgean. It evenemint stie pland op 28 en 29 augustus. It ôfsizzen fan it evenemint is ekstra soer fanwege it 10 jierrich jubileum fan it festival. Dit jier hie de organisaasje ûnder oare Handsome Poets regele foar in optreden.

22:16
SKS wol dochs wat organisearje

It bestjoer fan de SKS tinkt nei oer de mooglikheden om dochs 'wat' te organisearjen yn de fjirtjin dagen dat oars it SKS kampioenskip fersyld wurde soe. Dat sei foarsitter René Nagelhout nei de bestjoersgearkomste woansdeitejûn. "Om hielendal neat te dwaan yn ús jubileumjier is sonde", sa sei er.

Lês hjir mear oer de plannen.

21:58
Oardelmeterbank

Arsjitekt Nynke Rixt Juckema hat in spesjale coronabank ûntwurpen. Hjirop kinne sân minsken tagelyk sitte, wylst se allegearre op de feilige oardel meter byinoar wei sitte. Neffens Juckema is sân ynternasjonaal sjoen ek in loksgetal, en kin it ek assosjearre wurde mei de reinbôge, planeten en wrâldwûnders.

"Veel mensen hebben een natuurlijke behoefte om elkaar te ontmoeten en nieuwtjes uit te wisselen," skriuwt Juckema yn in parseberjocht. "Niet voor niets zie je op veel strategische plekken in de openbare ruimte leugenbankjes staan. Bankjes die door de anderhalve meter regel en door het samenscholingsverbod nu onbruikbaar zijn geworden. Een samenleving waarin je wordt gevraagd om anderhalve meter afstand van elkaar te houden vraagt daarom ook om nieuwe inrichtingselementen."

Foto: Omrop Fryslân
19:43
Sikehûsopnames yn Fryslân hast gelyk oan juster

It oantal pasjinten yn de Fryske sikehûzen is hast gelyk oan de sifers fan juster. Der leine op it mjitmomint, 10 oere fan 'e moarn, 56 minsken yn it sikehûs mei it coronafirus. 20 fan de 56 minsken lizze op in IC-bêd, 36 minsken lizze op in net-IC bêd. Dat is hast gelyk oan juster, doe't der 57 minsken yn it sikehûs leine.

19:34
Foarrang by faksinaasje

De sûnensried advisearret om âlderein tusken de 70 en 79 jier yn de hjerst mei foarrang te faksinearjen tsjin pneumokokken, en ek eks-coronapasjinten mei longskea moatte de faksinaasje krije. Steatssekretaris Blokhuis nimt it advys oer.

Lês hjir mear oer it ûnderwerp.

16:19
"Doch mear tests"

It RIVM sil mei spoed de GGD's freegje om mear wurk te meitsjen fan it opspoaren fan minsken dy't mooglik besmet binne mei it coronafirus. "Tot nu toe was gewoon helder dat het te druk was" foar sa'n kontaktûndersyk, sei Jaap van Dissel fan it RIVM. Mar no't de GGD seit dit wol deeglik dwaan te kinnen, moat dat sa gau mooglik barre, fynt it RIVM.

Buorlannen Dútslân en België stekke al folle mear tiid enerzjy yn it achterheljen fan de minsken mei wa't in besmet persoan kontakt hân hat. Sa kinne se dizze minsken ek de opdracht jaan om harsels te isolearjen.

Neffens Van Dissel sjocht Nederlân nei de oanpak fan oare lannen, en de gefolgen dêrfan. Mar oft in persoanlike benadering fan kontakten ek yndie de fersprieding fierder remje kin, is net dúdlik.

15:13
Jachthavens

De ekonomyske skea foar campings en jachthavens troch de ferlinging fan de coronamaatregels kin oprinne oant 1 miljard euro. Dêrfoar warskôget ûndernimmersorganisaasje HISWA-RECRON.

Der soene 20.000 banen op de tocht stean. De HISWA-RECRON is teloarsteld dat it kabinet neat dien hat mei harren plannen foar in 1,5 meter ekonomy. "Veel vakantieparken en jachthavens bieden meer oppervlakte per persoon dan in een gemiddelde woonwijk", seit direkteur Geert Dijks.

14:55
Wat binne de ekonomyske gefolgen foar Fryslân?

Kappers kinne gjin klanten ûntfange, de hoareka hat gjin omset, de evenemintensektor leit stil, de útstjoerbrânsj meldt dat de omset mei 30 persint omleech gien is, it konsumintebetrouwen is ynstoart. En yntusken hat it kabinet al 19 miljard euro útjûn oan stipemaatregels. Hoe moat dat ea allegear betelle wurde? Wat betsjut dit foar de Fryske ekonomy?

Lês of harkje hjir it folsleine ynterview mei prof. dr. Jouke van Dijk fan Ryksuniversiteit Grins.

Prof. dr. Jouke van Dijk - Foto: Jouke van Dijk
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)