Fan SKS Skûtsjesilen oant Psy-Fi: dizze eveneminten geane net troch

Dizze simmer net mei in kleedsje nei dat iene iepenloftspul of mei de fierrekiker op 'e wâl nei it skûtsjesilen sjen. Grutte eveneminten geane net troch dizze simmer. Yn elts gefal oant en mei 1 septimber 2020 meie dy net plakfine. Hjir in oersjoch fan de eveneminten dy't wy dit jier oerslaan moatte.
It SKS Skûtsjesilen op De Lemmer by de baai © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Dit artikel kin fansels net folslein wêze mei álle eveneminten dy't takom simmer yn de provinsje wêze soene, mar wurdt noch wol oanfolle.

Skûtsjesilen

SKS
"It is spitich mar wy binne ek bliid dat der dúdlikens is", seit René Nagelhout, foarsitter fan it SKS-skûtsjesilen. "Dit is foar it earst dat it kampioenskip net troch giet, en dat no't wy 75 jier bestean." Woansdei sil it bestjoer fan it SKS byinoar komme. "We sille oerlizze oft it ferpleatst wurde kin, mar hoe sjocht it jier der dan út? En hawwe wy dan noch tiid?". Finansjeel is it ek in minder jier no't it net trochgiet, mar de feriening hat der net ûnder te lijen. "Wy binne in sûne feriening. Wy hawwe stipe fan sponsoaren en wy steane net daalks foar grutte problemen", seit Nagelhout.
SKS-foarsitter René Nagelhout
IFKS
Foarsitter fan de IFKS Sicko Heldoorn jout oan dat de berjochtjouwing út de konferinsje dúdlik is. It Iepen Fryske Kampioenskip Skûtsjesilen giet net troch. It bestjoer sil woansdei om tafel om mei in folslein berjocht nei bûten te kommen. De kâns dat de silerij letter yn it jier plakfine sil is net grut. "Dat leit net foar de hân by it skûtsjesilen, mar dêr moatte wy it moarn mar efkes oer hawwe", fertelt Heldoorn.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Festivals

Grutte festivals as Welcome to the Village, Glemmer Beach, Dokk'em Open Air, Veenhoop Festival, Psy-Fi en de Snitswike geane net troch. "Wy sitte al in skoftke yn de annulearringen", fertelt festivalorganisator Wiebe Kootstra. "It is de fraach oft de festivals yn septimber wol trochgean." Kootstra organissearet ûnder oare Psy-Fi, Veenhoop Festival en it Oktoberfest. "Dochs is hy bliid mei de konkrete útspraken fan it kabinet. "Hoe swier kut it ek eins is."
Der stiene in soad jubilea op de evenemintekalinder. "It Fries Straatfestival soe dit jier 40 jier bestean, Glemmer Beach 10 jier, en wy hawwe fansels 75 jier befrijing. It soe in jubileumjier wurde, mar it is in rampjier". Yn 2021 hawwe we ek noch 70 jier Veenhoop Festival. "Johan, de foarsitter fan it festival, hat al in grutte headliner boekt". Wa't dat is of binne wol Kootstra noch net kwyt.
Foar it Oktoberfest hawwe wy in fergunning oanfrege foar oktober. Earst soe it festival net trochgean. "Ik hoop dat we in alternatyf biede kinne, en dat wy noch wat ferdivedaasje bringe kinne", seit Kootstra.
De festivals dy't dit jier yn elts gefal net trochgeane binne: Psy-Fi, Veenhoop Festival, Glemmer Beach, Dokk'em Open Air, Into the Grave, Into the Great Wide Open en SimmerDeis.

Iepenloftspullen

Jelle Wesselius is foarsitter fan Stichting foar Amateurtoaniel yn Fryslân én dit jier ek noch sjuerylid fan de Gouden Gurbe. "In better jier koe ik net hawwe", grapt hy. "Tsien fan de 13 oanmeldingen foar de Gouden Gurbe geane net troch. By trije foarstellingen stiet noch in fraachteken, mar repetearje kin hast net iens".
Sa as it no liket gean Jorwert en Arum noch troch en de jongereinploech fan Jorwert. "It is hartstikke sneu, mar lit we posityf bliuwe: der giet ien troch dit jier en dan hawwe wy takom jier in hiel soad te sjen". De doarpen dy't net els jier in iepenloftspul organisearje lyk as Mitselwier en Warten sille it yn 2021 wer besykje, njonken de oare doarpen dy't dan in iepenloftspul organisearje.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Konkoersen

"Myn foarkar giet út nei ien stândpunt dat wy mei-inoar jouwe: wy konformearje ús oan de maatregels en sjogge der allegearre fan ôf", seit Henk Dijkstra foarsitter fan Stichting Gezamenlijke Concoursen Fryslân. De konkoersen falle likegoed foar as nei 1 septimber. De organisaasje fan it konkoers yn Dokkum op 22 juny hie earder al oanjûn de stekker der út te lûken. De konkoersen fan Garyp (18 oant en mei 20 july), Riis (3 augustus) en Bûtenpost (7 augustus) kinne foar earst net troch gean. De lêste twa organisaasjes hawwe al ris oppenearre om in edysje te hâlden sûnder publyk.
"In konkoers sûnder publyk sjoch ik it nut net fan yn", seit foarsitter fan SGCF Henk Dijkstra. "In konkoers is in gearkomste fan artysten, de riders en it publyk. Ut it eachpunt fan solidariteit doch ik dêr in berop op. Spitigernôch kin it dit jier net trochgean".
Nei 1 septimber wurde der konkoersen organisearre yn Droegeham op 7 septimber en yn Warkum op 25 septimber.

Keatsen

De PC wurdt dit jier net op de fiifde woansdei yn july ferkeatst, mar op 30 septimber. Dat meldt de organisaasje fan PC Franeker. Dit is in gefolch fan de maatregels, dy't premier Rutte tiisdeitejûn bekend makke. De PC hie mei dizze mooglikheid al rekken hâlden. Yn de fergunningsoanfraach wie net allinnich tastimming frege foar de oarspronklike datum fan 29 july, mar ek foar woansdei 30 septimber. Ynformaasje oer de kaartferkeap folget letter.
De Zachte Bal PC, it Lanenkaatsen yn Harns en Peloten yn Easterlittens geane ek net troch.
Lês hjir in langer artikel oer de PC.

Fierljeppen

It Frysk Ljeppersbûn hie hope dat se healwei july úteinsette koene mei wedstriden mar dêr is no definityf gjin sprake fan. Dus gjin Frysk kampioenskip op 8 augustus yn Winsum en it Nederlânsk kampioenskip dat dit jier op 29 augustus yn Burgum plakfine soe, giet op dy datum net troch.
Woansdei- en tongersdeitejûn sille respektyflik earst it Nederlânsk Fierljeppersbûn, it NFB, yn in digitale gearkomste beprate wat de mooglikheden binne, wêrnei't it FLB, It Frysk ljeppersbûn, tongersdei mei-inoar yn konklaaf geane. Opsjes dy't op tafel komme binne: wedstriden letter hâlde, wedstriden sûnder publyk of wedstriden opnimme en online útstjoere.
"Ljeppen is eins in reedlik yndividuele sport", sa seit foarsitter Teije Dijk fan it FLB. Mar fierljeppe sûnder publyk liket him no net daalks wat ta: "It giet dochs ek om de ynteraksje tusken ljeppers en publyk". Dijk wol nei safolle mooglik opsjes sjen: "In jier sûnder fierljeppen dat kin eins net".
De Friese Ballonfeesten op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda

Friese Ballonfeesten

In bot teloarstelde organisaasje fan de Friese Ballonfeesten op De Jouwer. "Het is verrekte jammer, fertelt foarsitter Herman Kleinsmit, "We hadden alles klaar en op de rit, we konden zo los. Nu gaan we maar los met het afbellen van de ballonnen". Neffens Kleinsmit hiene sy wer in pear moaie bûtenlânske ballonnen fêstlein. Hy hopet dat dizzen takom jier wer komme wolle. Ferline jier wiene sy krekt úteinset mei in nij bestjoer, in entûsjaste groep dy't der nocht yn hie. Se sille sjen oft der letter yn it jier noch wat lyts te organisearjen falt: "Een leuk ballonfeestje om toch wat te doen".
© RaRaRacing

Autocross

By de autocross sneuvelje ek in tal races. De Kings Battle yn april gie al net troch, mar no ferfalle ek de Fryske kampioenskippen fan 5 july. "Der ferfalle wol in soad, in tal kinne we ferskowe mar dat kinne se net allegeare", fertelt foarsitter fan FAC Autocross Roland Louwsma. It lêste wykein fan augustus soe ek de race om de F1-bokaal wêze. Dizze race wurdt oarganiseare troch de kommisjes fan Blauhûs en Hallum.
"We hawwe noch net oerlein mei de Hallumer kommisje oft wy dy ferpleatse", seit Louwsma. "Wy binne ek ôfhinklik fan it nasjonale autosportbûn. Dêr sille we ek mei oerlizze." It seizoen is net hielendal opsein foar de autocrossers. "Wy hawwe noch wol in pear data dy't we ynfolling jaan kinne, mar hoe witte we noch net. As we in moaie neisimmer hawwe dan kinne we miskien yn oktober noch ride. Dat hawwe we wol faker dien, dat kin op himsels prima. Ik hoopje dat we oan de ein fan it seizoen noch in pear moaie races hêlde kinne, dat soe fantastysk wêze".