Keatswedstriden PC en Freulepartij passe harren oan

De 167e PC dy't ferkeatst wurde soe op 29 july is fanwegen de coronamaatregels ferpleatst nei woansdei 30 septimber. Dat hat de PC tiisdeitejûn bekendmakke. Minister-presidint Rutte hie de nije maatregels noch mar krekt oankundige of de PC makke it útstel al bekend. PC-foarsitter Ids Hellinga: "Wy seagen dit al betiid oankommen. Wy hienen in oantal senario's klear lizzen. Dit is ús 'plan B'."
Keatswedstriden PC en Freulepartij passe harren oan
Hellinga seit: "Wy hawwe de fergunning ek earder oanfrege en dêrby ek al de datum fan 30 septimber neamd. Mar it is earst fansels net mear as in datum. It kin wêze dat der yn july noch maatregels komme. Dat kinne wy net oersjen. Mar it moat net sa wêze dat wy ús yn novimber foar de harsens slaan as wy de PC net organisearre hawwe en it hie yn septimber wol kinnen. Boppedat: Wy binne oan ús publyk en de keatsers ferplichte om der alles oan te dwaan de PC te keatsen".

"Gjin publyk betsjut gjin PC"

In PC keatse sûnder publyk is foar de kommisje gjin opsje. Hellinga: "Dêr hawwe wy noch gjin tsien sekonden oer praat. Gjin publyk betsjut gjin PC".
De kaartferkeap sil yn it nije senario begjinne om 1 augustus hinne. Hellinga: "Dat is foar ús de datum fan 'go or no go'. Dat hat ek te meitsjen mei ús leveransiers, wêrûnder de tribunebouwers. Twa moannen hawwe wy nedich om alles yn kalk en semint te krijen". Ek de PC giet ûnwisse tiden yn 'e mjitte.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hellinga: "We hawwe noch in heal jier, dus dat jout mooglikheden. Oan de oare kant: It is net in lullich firuske. It kin alle kanten op. De oersichten fan de oerheid op tiisdei 21 april jouwe moed. Mar we sille sjen wat der fan komt. Wy hawwe it skema fan Rutte net."
PC-foarsitter Ids Hellinga

De Freulepartij

De meast wichtige keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, de Freulepartij, stie foar woansdei 5 augustus yn de aginda. Ek dy partij kin op dy datum net trochgean. Yn tsjinstelling ta de PC hat de Stichting Freulepartij net in senario klear lizzen foar in alernative datum.
Foarsitter fan de stichting Tjeerd Dijkstra: "Wy hiene ôfpraat dat wy om 1 july hinne sjen soene wat we dwaan soenen. Dat wie de uterste beslisdatum. Wy hawwe likernôch twa moanne nedich om de Freulepartij te organisearjen. No't we witte dat der oant 1 septimber gjin Freulepartij organisearre wurde kin, sille wy yn petear mei de feiligensregio Súdwest-Fryslân, it keatsbûn KNKB en de keatsferiening Wommels. Wy sille op koarte termyn mei dy partijen om de tafel en ik ferwachtsje dat wy binnen twa wiken wol in beslissing bekend meitsje kinne."
De PC © Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Alles of neat"

Yn tsjinstelling ta de PC slút de Freulepartij it keatsen sûnder publyk net út. Dijkstra: "De Freule is der benammen foar de jongeskeatsers. Fansels witte wy ek wol dat de entoeraazje fan belang is, mar wy binne der minder útsprutsen yn as de PC. Foar ús is in oare ynfolling besprekber. Sûnder publyk keatse is ien fan de opsjes. En dan gean we hielendal út fan it belang fan de keatsers. In jongeskeatser hat mar in pear jier de gelegenheid om de Freulepartij te winnen".
De Freule Partij yn septimber keatse is ek foar syn organisaasje in opsje, seit Dijkstra. "Ja dat is seker in opsje. Wy hâlde se allegear iepen. Mar ien ding is ûnbesprekber: wy sille net in maksimum stelle oan it oantal partoeren dat meidwaan kin. Wat dat punt oanbelanget is it alles of neat".
Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei foarsitter Tjeerd Dijkstra fan de Freulepartij

It keatsbûn KNKB

It keatsbûn KNKB soe it keatsseizoen foar haadklassers begjinne op 20 juny yn Balk. Dat giet troch de nije maatregels nei alle gedachten net troch. Bûnsdirekteur Marco Hoekstra is noch wat oan de foarsichtige kant mei syn reaksje. "Wy sille der woansdei mei it haadbestjoer oer gear. Dan sille wy ek kontakt sykje mei de sportkoepel NOC*NSF om te sjen wat der noch mooglik is. Ik soe it wol moai fine as wy foar de jongerein noch wat organisearje kinne, mar oft dat kin is noch mar de fraach. Wy hoopje woansdei mei in definitive reaksje te kommen."