Fryslân fan Boppen: hjir fljocht de drone woansdei en tongersdei del

Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan Boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûten fan takom wike, moandei oant en mei freed.
© Omrop Fryslân
Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freegje fan eltsenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen sille de drones in rûte oer ús provinsje fleane, om alle betsjûgingen fan stipe yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Tredde Alvestêde-etappe

Woansdei 22 april dogge wy de tredde Alvestêde-etappe. Wy filmje yn plakken fan Doanjum oant Aldtsjerk. Wy fleane mei twa teams dy't tusken 9.00 en 13.00 oere elk in part fan de rûte filmje. Team ien fljocht fan Doanjum, Berltsum, Sint-Anne, Froubuorren, Alde Leie, Hijum nei Stiens. Team twa giet fan Feinsum nei Bartlehiem, Burdaard, Dokkum en Aldtsjerk.

De Waadeilannen

Tongersdei 23 april fljocht de drone oer de Waadeilannen. Wy fleane mei fjouwer teams dy't tusken 9.00 en 13.00 oere elts in part fan de route filmje. Team ien fljocht boppe East-Flylân tusken 9.00 en 11.00 oere. Team twa fljocht tusken 9.00 en 13.00 oere boppe it Skylge en giet fan West-Skylge nei Midslân, Formearum, Hoarne en Easterein. Team trije fljocht tusken 11.00 en 15.00 oere boppe It Amelân en giet fan Hollum nei Ballum, Nes en Bueren. It lêste team, team fjouwer, fljocht tusken 9.00 en 11.00 oere boppe Skiermûntseach.
Eltsenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat eltsenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglike ûnferwachte omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.
Let op: de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!
'Fryslân fan Boppen' is in projekt fan LF2028, de Fryske gemeenten, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Op woansdei 15 april, de dei dat 75 jier befrijing fan Fryslân fierd waard, binne de droneteams begûn. De opnamen binne in dei letter op telefyzje en op ynternet te sjen.
Fryslân fan Boppen is in (wurk-)dei letter te sjen op telefyzje (ûnder it programma De Middei fan Fryslân) tusken 14.00 en 16.00 oere. Jûns om 21.30 oere is der in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.