Buma: "Spitich foar Fryske evenemintesimmer, mar begryplik beslút kabinet"

It ferlingjen fan de coronamaatregels kin rekkenje op begryp by boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Mar hy snapt de teloarstelling oer bygelyks de gefolgen foar de Fryske eveneminten dy't fan it simmer net trochgean kinne, by hoareka dy't tichtbliuwe moat en by de kultuersektor. Dat sei Buma yn in earste reaksje op de parsekonferinsje fan it kabinet en it RIVM.
© ANP
Buma, ek foarsitter van Veiligheidsregio Fryslân, wie tiisdeitejûn te gast yn in ekstra Fryslân Hjoed fan Omrop Fryslân. Hy seach en hearde hoe't Mark Rutte op in parsekonferinsje fertelde oer it ferlingjen fan guon maatregels tsjin it coronafirus en it ferromjen fan oare maatregels.
Foar Fryslân betsjut it in soad. Basisskoallen kinne bygelyks wer iepen, mar dan wol mei lytse groepkes bern; toskedokters kinne wer oan it wurk en jonge bern meie ek wer sporte. Mar hoareka bliuwt bygelyks ticht, de kappersbrânsj ek. En wat te tinken fan it betelle fuotbal en de Fryske eveneminten yn de simmer? Dêr kin allegearre in streek troch.

"Djippe krisis"

Dat lêste is tige spitich, fynt ek Buma. "It is in lange list", sei hy, ferwizend nei juny-, july- en augustusmoannen sûnder fuotbal fan SC Hearrenfean en SC Cambuur, sûnder Snitswike en skûtsjesilen en sûnder PC (ferskoot nei 30 septimber, die nei de parsekonferinsje bliken) of Profronde fan Surhústerfean. En fansels gjin doarpsfeesten op de mominten dat dy pland wiene, gjin festivals en gjin iepenloftspullen dizze simmermoannen.
"As Friezen moatte wy beseffe dat wy yn in djippe krisis sitte", sei Buma. "Wy kinne no net tinke: we gean oer 'tot de orde van de dag'. Wy sitte der midden yn, en we sitte der noch lang yn."

"Hoop hâlde"

Dochs wol hy hoop hâlde. "Der sille in hiel soad dingen net trochgean, in hiel soad ûndernimmers kinne noch net oan it wurk. Mar we binne mei-inoar dwaande om dit coronafirus derûnder te krijgen. Dat is it boadskip."
Dat de maatregels net spesjaal ekstra ferromme wurde foar it minder hurd troffen Noard-Nederlân, kin Buma begripe. "Der wurdt lanlik sjoen en tocht. As der dingen yn Noard-Nederlân iepen gean, krije je reizgjende minsken. En dat is fansels net de bedoeling yn de striid tsjin it firus."