De Rouwe: "Ryk, KNSB en NOC*NSF moatte op termyn ek meibetelje oan Thialf"

21 apr 2020 - 17:52

Deputearre Sander de Rouwe en wethâlder Jelle Zoetendal fine it logysk dat provinsje Fryslân en gemeente Hearrenfean as oandielhâlders Thialf stypje mei in kredyt fan 2,9 miljoen euro. Mar De Rouwe fynt dat ek it Ryk, reedridersbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF op termyn jild bydrage moatte oan Thialf.

"As provinsje binnen wy grutsk op Thialf. Feit is dat wy it 'Wimbledon fan it reedriden binne", seit De Rouwe. "We ha it der graach foar oer om Thialf te helpen, mar we sizze wol: it kin net sa wêze dat allinnich de lokale oerheid betellet foar topsport."

Hy jout ta dat der in soad mienskipsjild nei Thialf giet. "Mar Thialf is fan eltsenien." Dochs wol hy dat oare partijen ek finansjeel oer de brêge komme yn de takomst. "De KNSB, NOC*NSF, it Ryk. Dy kinne ek net alles betelje, mar wy ek net. Tegearre kinne we wol mear dwaan."

Haadsponsor foar Thialf?

De finansjele stipe is bedoeld foar de perioade fan no oant septimber 2022. De Rouwe sjocht mooglikheden foar strukturele oplossingen en dy moatte besjoen wurde yn de kommende jierren. "Miskien kin der in haadsponsor komme foar de namme fan Thialf", sa seit er bygelyks.

Wethâlder Jelle Zoetendal fynt dat Thialf part is fan It Hearrenfean en oarsom. "En as wy no neat dogge, kinne de doarren net iepen nei de simmer. Dus dit is in kredyt foar de kommende tiid, mar wy ha Thialf wol frege om mei in plan te kommen foar de langere termyn."

Untslaggen

De iishockeyhal spilet der ek in rol yn. Want hoe komt it dêr mei? Zoetendal wol dêr neat oer tasizze, mar it is wol de bedoeling dy ek te behâlden foar it totale iisportoanbod fan Thialf.

Foar guon meiwurkers fan it iisstadion wurdt ûntslach oanfrege. Spitich, seit direkteur Marc Winters, mar it kin net oars. Neffens him giet it oer 9 fte.

Harkje nei Sander de Rouwe

Harkje nei Jelle Zoetendal

Harkje nei Marc Winters

(advertinsje)
(advertinsje)