Nyk de Vries soe it Grut Frysk Diktee foarlêze, mar troch corona foarearst net

21 apr 2020 - 17:40

Yn in ideale wrâld, as der gjin coronafirus west hie, dan hie tiisdei yn it teken stien fan de Fryske taal, want dan wie it Grut Frysk Diktee. Dat is lykwols foarearst ferpleatst nei 27 juny. Dichter fan Fryslân Nyk de Vries is de skriuwer fan it Frysk Diktee.

Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân

Yn 2018 diene der mei it Grut Frysk Diktee 600 dielnimmers mei oan it diktee, dat doe op it Aldehoustertsjerkhôf wie. Tiisdei soe der wer in diktee wêze, no wer gewoan yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Mar troch it firus giet dat net mear troch. "Ik hie de tekst al ôf en opstjoerd nei de kommisje. It is 75 jier befrijing, dus frijheid wie it tema.

De Vries jout oan dat syn Frysk ek net altyd korrekt is. "Ik kom sels út de Wâlden, dus ik praat sels net folslein geef. Mar it is dochs moai dat guon wurden yn it ûnthâld bliuwe en dat âlde Fryske wurden ek noch brûkt wurde. It soe moai wêze as it diktee yn juny noch kin. Miskien moatte wy allegearre op oardel meter ôfstân fan inoar yn in sportseal sitte."

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)