Suvelkoöperaasje Skiermûntseach krijt goed oardel ton

21 apr 2020 - 16:34

De sân boeren en de suvelkoöperaasje fan Skiermûntseach krije goed oardel ton fan de provinsje foar har projekt om om te skeakeljen nei natuerfreonlik buorkjen. De boeren en de suvelkoöperaasje sette in eigen suvelline op en in suvelhoeve.

Foto: Omrop Fryslân

Eigen suvelline

Deputearre Steaten stelt 164.000 euro beskikber foar it projekt Schiermonikkoger Landbouwtransitie 2020-2021. De Vereniging Boerenbelang Schiermonnikoog en Zuivelcoöperatie Schiermonnikoog sette dêrmei in eigen suvelline op, ynklusyf in nije suvelhoeve. Mei in eigen produksjeline moatte de ynkomsten fan de boerebedriuwen by in lytsere feesteapel op peil bliuwe.

It jild is ek bedoeld om it bioferskaat yn de Banckspolder te stimulearjen. Fierder wurdt de ferwurking fan organysk restmateriaal op it eilân der ek mei mooglik makke. Dêrmei ferbetteret de boaiemkwaliteit yn de polder sterk.

Lânbou yn balâns

De provinsje wol yn gearwurking mei it ministearje fan Lânbou ek in proef opsette foar de oanpak fan de stikstofproblematyk op Skiermûntseach. Deputearre Klaas Fokkinga is bliid mei de plannen fan de eilanner boeren: ''Sa't de plannen oppakt wurde op Skiermûntseach is foar my in moai foarbyld foar de takomstige lânbou yn Fryslân. In lânbou yn balâns mei de natuer mei in oanpak dy't betocht is troch de eilanners sels. Ik haw dêr grutte bewûndering foar. Dêrnjonken wolle we mei it ministearje fan LNV in pilot opsette foar de stikstofoanpak op it eilân. As dat slagget kin ik dêr ek fierder mei nei oare gebieten dêr 't we oan de slach moatte mei de stikstof en de lânbou.''

(advertinsje)
(advertinsje)