Amelân stelt as lêste Waadeilân ek smook- en stookferbod yn

21 apr 2020 - 16:21

As lêste fan de Fryske Waadeilannen hat de gemeente Amelân no ek in smook- en stookferbod ynsteld, fanwege de drûchte. It ferbod jildt oant en mei 14 septimber yn bosken en natuergebieten. Njonken op de Waadeilannen jildt der ek al in smook- en stookferbod yn East- en Weststellingwerf en yn Opsterlân.

Natuerbrân op Skylge - Foto: FrieslandActueel.nl
(advertinsje)
(advertinsje)