Steatefraksjes wolle earst ûndersyksresultaten foar't sâltwinning úteinset

21 apr 2020 - 15:51

De Fryske Steatefraksjes fan SP, GrienLinks en Partij voor de Dieren hawwe fragen oan it kolleezje steld oer de sâldwinning ûnder de Waadsee troch it bedriuw Frisia. De fraksjes fine dat earst de resultaten fan in ûndersyk en in nulmjitting bekend wêze moatte, foar Frisia mei de mynbou úteinset. Dat bedriuw wol lykwols al op 1 maaie úteinsette.

Foto: Omrop Fryslân

Op 1 april is der yn de Twadde Keamer in moasje oannommen, dêryn is de minister frege om sa gau as mooglik ûnôfhinklik advys te freegjen oan in wittenskiplik panel oer kontrolearre mynbou, ek wol 'met de hand aan de kraan' neamd. De resultaten fan dat ûndersyk moatte úterlik 1 desimber 2020 oan de Keamer foarlein wurde.

Ek sil Frisia foar 1 maaie in rapportaazje oanleverje as nulmjitting oer 2019, om te sjen oft de mynbou goed yn de gaten hâlden wurde kin.

Uteinsette

Frisia hat lykwols oankundige dat er yn maaie al úteinset wurdt mei de sâltwinning. De Steatefraksjes fine dat as der noch gjin ûndersyksresultaten bekend binne, it ek noch net ferantwurde is om mei nije sâltwinning te begjinnen. Ek de ekspertize fan UNESCO op it mêd fan mynbou soe by it ûndersyk belultsen wurde moatte. Dêrom freegje de fraksjes oan Deputearre Steaten om dêr by de minister op oan te trunen.

(advertinsje)
(advertinsje)