Thialf krijt 2,9 miljoen 'rêdingskredyt' fan provinsje en gemeente

21 apr 2020 - 15:35

Thialf krijt 2,9 miljoen euro ekstra finansjele stipe fan de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean op de finansjele problemen fan it iisstadion op te lossen. Troch ferskate, strukturele ôffallers komt Thialf oer it ôfrûne seizoen 1,1 miljoen tekoart. De ekstra bydrage fan de oerheden is ornearre om it herstelplan'Slank en slim' troch te fieren. "As wy neat dogge , giet Thialf fallyt", seit deputearre Sander de Rouwe.

Iisstadion Thialf krijt 2,9 miljoen 'rêdingskredyt' fan provinsje en gemeente - Foto: Omrop Fryslân

Fan de 2,9 miljoen euro sil de provinsje foar 2 miljoen kredyt soargje. De gemeente Hearrenfean soarget foar de oare njoggen ton.Troch te reorganisearjen nimt Thialf sels 538.000 euro fan it tekoart foar syn rekken. "Wy gean werom nei in lytse organisaasje, dy't rjochte is op it fasilitearjen fan topsport", seit Thialf-direkteur Marc Winters.

Thialf wol de herstelperioade neffens him brûke om te wurkjen oan in strukturele oplossing. It rêdingskredyt is bedoeld foar de perioade oant en mei septimber 2022. Dêrnei hopet it iisstadion wer de eigen broek ophâlde te kinnen.

De gemeente Hearrenfean stelt 991.000 euro beskikber en sil fierder ek neitinke oer it behâld fan de iishockeyhal. Dy hal wie in de winter fan 2018/2019 in skoft ticht, omdat dy net mear feilich genôch wie. Ek foar de gemeente Hearrenfean jildt dat de gemeenteried noch grien ljocht jaan moat foar it ekstra kredyt fan 9 ton.

(advertinsje)
(advertinsje)