Corry Minkema docht yn Amearika boadskippen mei selsmakke mûlkapke op

"Der binne in hiel soad dingen dy't je net dwaan meie. As ik nei de supermerk gean, dan moat ik in mûlkapke drage want oars komme je der net yn. Eltsenien docht dat, dus it is net oars." Corry Minkema, dy't al 24 jier yn Amearika wennet, makke har eigen mûlkapke.
Corry Minkema © Corry Minkema
De âld-Ljouwerter ferhûze 24 jier lyn nei Amearika en wennet yn Berkely Hights, New Jersey. "Ik wenje eins allinnich, mar myn soan, skoandochter en bernsbern binne koartlyn fanwegen it coronafirus by my ynlutsen. Sa kinne sy harren wurk gewoan dwaan en pas ik ûnderwylst op." Sels is Minkema ûnderwiisassistint foar learlingen fan fiif oant seis jier. "Ik moat sa no en dan wol online foar skoalle oerlizze, mar in hiel soad kin ik fierder net dwaan."
Sa sjocht Corry Minkema der gewoanwei út © Corry Minkema

"Skoallen bliuwe fermoedlik ticht oant de simmer"

Minkema wennet likernôch in heal oere riden fan New York. Yn dy metropoal binne safolle minsken dy't besmet binne mei it coronafirus of der oan ferstoarn binne, dat minsken ferplichte binne om mûlkapkes te dragen. Se fynt it bytiden wol eangstich as se har betinkt dat dit sa tichtby har hûs him allegear ôfspilet.
Sels wennet se yn in griene omjouwing en kin se alle dagen in kuier meitsje. "De skoallen binne foarearst ticht oant 15 maaie, mar it skoalseizoen rint hjir begjin juny ôf, dat ik tink dat de skoallen ek net mear iepengean." Foar Minkema is dat in bysûndere situaasje, want se sil dit jier mei pensjoen gean.

Ferskillende regels yn Amearika

Yn de ferskillende Amearikaanske steaten jilde ek ferskillende regels. "En dat is wol ferfelend, want de minsken dy't yn har eigen steat net nei de parken meie, komme dan by ús foar harren ûntspanning. En dat liket my ek net de bedoeling. Der soenen eins yn it hiele lân deselde regels foar eltsenien jilde moatte."
Corry Minkema
Omjouwing dêr't Minkema wennet © Corry Minkema

Presidint Trump

En dan komme je fansels al gau út op de polityk en de bestjoerders fan it lân, lykas presidint Trump. "Je hawwe net safolle oan dy man", seit Minkema. "Hy tocht earst dat it allegear wol in slach tafalle soe, mar der is úteinlik fierstente te let yngrypt. Weardeleas. Ik tink dat de gûverneuren de toutsjes better yn hannen hawwe as Trump sels."