Tsjerke sammelet guod foar de Voedselbank yn Ljouwert

Rys, molke, kofje en hagelslach: de fraach nei ûnder oare dizze produkten troch Voedselbanken nimt flink ta. Mar yntusken is der hieltyd minder iten beskikber. Protestanske tsjerke De Oase yn Ljouwert ropt dêrom op om guod yn te sammeljen. Sy dogge dat gewoanwei ek al, mar om't de tsjerke ticht is hawwe se wat oars betocht.
Ynsammeling foar de Voedselbank yn Ljouwert
Der stiet in grutte âlde karre foar de doar fan de tsjerke. Minsken kinne dêr tiisdei en woansdei hâldber iten yn dwaan. De Voedselbanken wolle neist sop ek graach fleis yn blik hawwe, "want dat kinne se útjaan wannear it har past", seit Fetze Elgersma fan de tsjerke. Normaal sprutsen stiet de karre yn 'e tsjerke en is dy ek bedoeld om iten op te heljen foar de Voedselbank. Mar de need is no echt heech en de tsjerke ticht. Troch op in pear mominten iten yn te sammeljen, besiket de tsjerke noch in bydrage leverje te kinnen oan it tekoart by de Voedselbank.

Grôtfol

Der binne gelyk minsken dy't iten yn de kar dogge, lykas Sytske Dijkstra. Se hat sop, rys en fleis brocht: "Ik tocht der moat mar efkes wat mear dizze kant út as oars by tsjerke". Har koffer op tsjiltsjes sit hielendal fol. Dijkstra hat earst spesjaal boadskippen dien om by de karre del te bringen.
De karre leit tiisdei om 11 oere al fol. Auke Timmermans fan de tsjerke hopet dat se it "net iens hâlde kinne, dat we safolle guod krije". It lêste momint wêrop't der iten yn de karre dien wurde kin, is woansdei fan 10 oant 12 oere. Dêrnei giet al it guod yn in buske nei de Voedselbank yn Ljouwert.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by it ynsammeljen
© Omrop Fryslan