GGZ Friesland: digitale soarch nimt ta, oplossing yn coronatiid

21 apr 2020 - 15:07

Geastlike sûnenssoarch op digitale wize oanbiede; GGZ Friesland die it al langer, mar troch it coronafirus wurdt der noch folle mear dien mei saneamde eHealth. Neffens de organisaasje is der grut ferlet fan en helpt it om ek yn coronatiid de minsken de behanneling te jaan dy't nedich is.

Webinar oer eHealth - Foto: GGZ Friesland, Mark Terpstra

By eHealth draait it om it folgjen fan online 'behannelmodules'. Minsken kinne dy thús dwaan en der is fia fideobeljen kontakt mei de behanneler. GGZ Friesland lit witte dat út eigen ûndersyk blykt dat it tal digitale behannelingen sûnt de coronakrisis flink tanimt. Neffens de organisaasje, dy't al sûnt 2015 eHealth ynset neist gewoane soarch, is der in tanimming fan 80 prosint yn it tal nije eHealth-pasjinten.

Troch de maatregels tsjin it coronafirus kinne yn de ggz in soad ôfspraken al wiken net trochgean op de wize sa't it gewoanwei gie. Joeri van der Goot, projektlieder eHealth by GGZ Friesland, leit út wêrom digitale soarch in oplossing wêze kin.

"Telefonische afspraken kunnen een goede manier zijn om de patiënt te spreken. Maar om het nog persoonlijker te maken, bieden wij iedereen de mogelijkheid tot beeldbellen. Op die manier kunnen wij de patiënt in de ogen kijken en observeren hoe zij zich bewegen. Wij denken zo de behandelkwaliteit aan onze patiënten te kunnen blijven garanderen."

Webinar foar meiwurkers

Grut foardiel fan eHealth is neffens him dat pasjinten maklik en oeral behanneling krije kinne en dat se thús modules folgje. Ek foar de meiwurkers kin it tige efffisjint wêze. Van der Goot: "Sommige collega's reizen veel om patiënten te zien en te spreken. Dit is soms voor een kort bezoek, we willen graag kijken of we na de crisismaatregelen de korte bezoeken kunnen doen aan de hand van beeldbellen."

Om der foar te soargjen dat meiwurkers goed op de hichte binne fan wat der mooglik is oan digitale soarch én hoe dy útfierd wurde moat, stjoert GGZ Friesland yntusken ien kear yn de wike in ynterne webinar út. Dy moat foar kennisdieling soargje ûnder de meiwurkers, om sa minsken dy't behannele wurde better helpe te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)