Omrop Fryslân wint NL Award foar 'Jennifer to the Max'

21 apr 2020 - 15:00

Omrop Fryslân hat dit jier in NL Award wûn yn de kategory Online-project foar de YouTube-searje 'Jennifter to the Max'. NL Awards binne de prizen dy't alle jierren útrikt wurde foar produksjes fan de regionale omroppen.

Foto: Omrop Fryslân

De YouTube-searje 'Jennifer to the Max' giet oer Jennifer de Vries dy't op 'e syk giet nei it echte ferhaal efter de dea fan har buorjonkje Max. Hy stoar op syn skoalreiske yn Berlyn oan in alkoholfergiftiging. De searje fan programmamakker Halbe Piter Claus is makke om it Frysk te stimulearjen ûnder de jongerein.

Omrop Fryslân waard yn fiif fan de sân kategoryen nominearre foar in NL Award. Minister Slob soe de Gouden NL Awards earder al útrikke op 25 maart op it NL Media event, mar troch de útbraak fan it coronafirus waard dat ôfsein. De bekendmakking barde dit jier fia de webside fan de RPO.

(advertinsje)
(advertinsje)