Lanlik sochte plofkreaker oppakt yn Fryslân

21 apr 2020 - 14:20

In 32-jierrige ynwenner fan Utrecht dy't feroardield wie ta in finzenisstraf foar sân plofkreaken, is ferline wike yn Fryslân oppakt. Dat makke de plysje tiisdei bekend.

Foto: Kappers Media

Hy krige yn juny 2019 tsien jier sel oplein troch de rjochter, mar wie flechtfuottich. Eins hie de man, dy't heger beroep oantekene hie, al by de rjochtsaak fêstset wurde moatten. Doe wie hy al útnaaid. Sûnt dy tiid waard hy socht yn hiel Nederlân.

Trefwurden: 
plysje plofkreak
(advertinsje)
(advertinsje)