Bysûndere wite kamiel berne yn Sanjesfertier Feanwâlden

21 apr 2020 - 14:20

By boarters- en bistepark Sanjesfertier yn Feanwâlden is in jonge kamiel berne. It wie by it personiel fan Sanjesfertier wol bekend dat der kamieltsje yn oantocht wie, mar it jong kaam earder as ferwachte. Mem en dochter meitsje it beide goed.

It jong is wyt en dat is spesjaal, want dat komt net faak foar. Omdat it park troch de coronamaatregels sletten is, kin it publyk it jong noch net bewûnderje. Njonken it kamieljong binne der folle mear jonge bisten yn it park: geitsjes, lamkes, wallaby's en ezels.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(advertinsje)
(advertinsje)