Iepen Mienskipsfûns stelt 238.000 euro beskikber oan leefberheid Waadeilannen

21 apr 2020 - 13:22

De provinsje stipet 15 projekten op de Fryske Waadeilannen. Ut it Iepen Mienskipsfûns is der 238.000 euro beskikber steld foar projekten dy't bydrage oan de leefberens op de eilannen.

Ameland Academy - Foto: Ameland Academy

Mei dizze bydrage sil der foar 740.000 euro op de eilannen ynvestearre wurde. Twa grutte projekten dy't ûnder oaren subsydzje takend krigen hawwe, binne de realisaasje fan in besikerssintrum op Skiermûntseach en de Ameland Academy, in inisjatyf fan hoareka-ûndernimmers.

Der kin sûnt moandei al wer ynskreaun wurde op de twadde subsydzjerige fan it Iepen Mienskipsfûns. Dizze rint oant 14 maaie.

(advertinsje)
(advertinsje)