Skoalbestjoerder Proloog: "Dúdlike protokollen nedich mei konkrete hânfetten"

21 apr 2020 - 12:39

Neffens it Outbreak Management Team kinne de berne-opfang en it spesjaal ûnderwiis nei de maaiefakânsje sûnder beheiningen iepen. Reguliere basisskoallen kinne harren tariede op in heale skoallebesetting deis. Dat stiet yn it advys fan saakkundigen oan it kabinet. Albert Helder fan Proloog, de stifting foar iepenbier basisûnderwiis yn Ljouwert reagearret sunichjes. Hy fynt dat skoallen allinnich iepen meie as der dúdlike protokollen lizze mei konkrete hânfetten.

Sa sieten de bern yn septimber noch mei-inoar yn 'e klasse - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Learkrêften fine de situaasje noch te ûnfeilich om de skoaldoarren wer te iepenjen as foarhinne, fertelt Albert Helder fan Proloog. "We sitte no yn wike seis en ús skoaldoarren hawwe altyd op in kier stien. Wy hawwe fansels wol needopfang fersoarge oan relatyf lytse groepen. En sa koene wy dochs noch wol feilichheid biede. Begelieding en ûnderwiis oanbiede oan kwetsbere bern gie ek gewoan troch, mar dat hawwe wy dien mei maksimaal sân bern yn in lokaal."

Feilichheid foarop

Foar Helder is it wichtich dat syn minsken feilich wurkje kinne. "As der jûn dúdlikheid komt oer dat de skoallen en de opfang wer iepen sille, dan moatte der ek dúdlike protokollen út fuortkomme dy't feilichheid biede. Der moat dúdlikheid komme, om it personiel de goeie hânfetten te jaan. Mar sân bern yn in lokaal fine wy maksimaal, mar dat kinne je beukers net útlizze fansels."

Helder seit dat guon fan de learkrêften sels ta in risikogroep hearre, mar miskien ek wol yn ien hús wenje mei minsken dy't dêr ûnder falle. "Dat is spannend. Boppedat binne de minsken no ek wurch. Se hawwe ûnderwiis op ôfstân fersoargje of needopfang bean, mar guon hawwe fansels ek sels bern oan de keukentafel sitten. De maaiefakânsje is aanst dan ek mear as wolkom."

Albert Helder fan Proloog

Reaksje ûnderwiis yn ekstra Fryslân Hjoed

Albert Helder is tiisdseitejûn ek te gast yn in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed, dêr't omtinken is foar de parsekonferinsje fan it kabinet mei oanslutend in ektra nijprogramma. Deryn ûnder oare reaksjes fan de foarsitter fan de Veiligheidsregio, boargemaster Buma, fan Sieger Dijkstra fan VNO-NCW en dus ek fan Albert Helder fan Proloog.

(advertinsje)
(advertinsje)