GGD: Wer trije coronastjergefallen, twa nije positive tests

21 apr 2020 - 12:03

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân trije nije coronastjergefallen registrearre. Dat meldt GGD Fryslân. Dêrmei stiet it oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus op 51. Der binne twa nije positive tests bykaam. Der binne no 457 minsken positiyf test yn Fryslân.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De twa nije positive tests binne de leechste tanimming fan it oantal positive tests yn wiken tiid. En dat wylst de testkapasiteit flink fergrutte is. "We hebben voldoende tests, maar zelfs de nieuwe teststraat leidt niet tot een piek. Dat geeft aan dat we hier stabiel laag zijn", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. Sels it moaie waar fan de ôfrûne wike hat gjin pyk oplevere. "We gedragen ons netjes in Fryslân. We zitten stabiel laag." Dat komt lykwols mei trochdat it krekt wykein west hat.

De GGD is dus foarsichtich posityf. De positive resultaten soene liede kinne ta ferromming fan de coronamaatregels en mooglik gean de skoallen ynkoarten wer iepen. De Graaf: "Kinderen lijken niet zo'n grote rol spelen in de overdracht. Daarom kunnen we beginnen met ze in groepjes buiten te spelen. Maar ik begrijp dat landelijk éénduidig beleid wel het doel is van het kabinet."

Noch hieltyd foarsichtich

We moatte lykwols noch hieltyd foarsichtich wêze, neffens De Graaf. "We zitten nog steeds in een opgeschaalde situatie." De soarch op de IC's giet noch hieltyd dei en nacht troch. "We moeten zorgen dat het echt laag blijft in Nederland, zodat de zorg kan normaliseren en we ons leven weer op kunnen pakken."

In soad bern krije no thús les, mar dat wurket net foar elkenien like goed. Se hawwe dêr minder struktuer en krije minder frisse lucht. De Graaf: "De school helpt kinderen aan een stabiele basis. Als er iets versoepeld zou kunnen worden, zou je wensen dat dat de scholen zijn." De GGD helpt bern dy't it no lestiger hawwe. "Wij houden goed contact met gezinnen. Aan alle kanten is er hulp, maar dat is geen volledige vervanging voor structuur."

Wichtichste foarsoarchsmaatregel

De wichtichste foarsoarchsmaatregel liket no wer wat nei de achtergrûn te ferdwinen. De hannen waskje is neffens De Graaf lykwols noch like wichtich. "We denken nu vooral na over de anderhalvemetersamenleving, maar we vergeten de basis: handen wassen en in de elleboog niezen. Dat is superbelangrijk en daar moeten we aan vasthouden. Ook als alles weer herstelt, want aan gewone griep gaan ook mensen dood."

It Onze Lieve Vrouwen Gasthuis yn Amsterdam is in skoft lyn begûn mei in app. Dêr kinst alle dagen bepaalde gegevens op ynfolje en sa kinne mooglike coronapasjinten rap opspoard wurde. "Er is een hoop te doen rondom die apps. Kijk op de GGD-appstore voor een rating: welke app kan ik gebruiken voor mijn gezondheid en is die ook goed?" De apps soene in bydrage leverje kinne yn it byhâlden fan de eigen klachten en seit wannear't je je melde moate by de húsdokter. "Dat is hartstikke mooi, er zitten medische teams zitten achter. Maar er zal meer komen op het gebied van corona en we moeten kijken hoe bruikbaar dat is."

Undersyk

De GGD docht op dit stuit lanlik ûndersyk nei it gedrach fan minsken by de bestriding fan it coronafirus. Hâlde minsken har goed oan de maatregels fan it kabinet en hoe ûnderfine se dat? Dêroer gean de fragen yn it ûndersyk dat de GGD'en útfiere yn opdracht fan it RIVM en GGD GHOR Nederlân.

Doel is om der achter te kommen wat minsken har driuwfearren binne om har te hâlden oan de coronamaatregels en wat dy foar ympakt op harren hat. Minsken dy't dielnimme wolle oan it ûndersyk kinne har hjir melde.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)