Underwiisynspeksje: Nordwin College hat de boel wer op 'e rit

It Nordwin College hat syn saken neffens de Inspectie van het Onderwijs wer op oarder. Foarich jier die de ynspeksje in oantal ûndersiken binnen de ûnderwiisynstelling, nei't dy ein 2018 op 'e fingers tikke waard fanwege finansjeel wanbehear en wanbelied.
Nordwin College © Omrop Fryslân
Yn rapporten dy't moandei publisearre binne, jout de ynspeksje oan dat it yntinsive tafersjoch op it bestjoerlike hanneljen beëinige is. Boppedat stiet it Nordwin College net mear ûnder ferskerpe finansjeel tafersjoch en binne de kwaliteitssoarch soarchfâldich en folslein ynrjochte.
"We zijn erg blij met de uitkomst", jout bestjoerder Ilona Dulfer oan. "De inspectie heeft bijna alle onderdelen in het onderzoek met een voldoende beoordeeld en daar zijn we hartstikke trots op. Als Nordwin College hebben we hier met elkaar hard aan gewerkt en het is fijn dat de inspectie de positieve resultaten daarvan heeft gezien."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn jannewaris 2018 pleatste de ûnderwiisynspeksje it Nordwin College ûnder ferskerpe finansjeel tafersjoch. Der waard in werstelplan opsteld, dêr't it ôfrûne jier útfiering oan jûn is. Neffens de ûnderwiisynspeksje binne der ek noch wol in oantal oandachtspunten. "De metafoor die door de inspectie werd gebruikt: Het geraamte staat, maar we willen nog meer vlees op de botten zien."
Dulfer seit dat it Nordwin College no op de goede wei is. "Maar we weten ook dat we de borging van de onderwijskwaliteit verder moeten verbeteren. Dit heeft tijd nodig. Nu moeten we de acties die we hebben ingezet blijven uitvoeren. Net als de inspectie zie ik de volgende beoordeling met vertrouwen tegemoet."

Bestjoerlike fúzje

It Nordwin College hopet healwei dit jier bestjoerlik te fusearjen mei Aeres. "We verwachten elkaar door de fusie te kunnen versterken. Aeres kan ons helpen om het groene onderwijs in Friesland duurzaam te borgen en wij kunnen Aeres faciliteren op het gebied van onze kennis in en ervaring met melkveehouderij, voeding en watertechnologie. Samen willen we het groene onderwijs blijvend innoveren."