Brânwacht hellet mooglike coronapasjint mei heechwurker út wente Ljouwert

21 apr 2020 - 11:39

De brânwacht hat ambulânsepersoniel tiisdei holpen om in mooglike coronapasjint út in wente te heljen. De pasjint moast fan de boppeferdjipping fan in hûs oan de Reinder Brolsmawei yn Ljouwert ôf nei ûnderen ta.

De brânwacht sette dêrfoar in heechwurker yn. De helpferlieners hiene dêrby allegear folslein beskermjende klean oan. Nei't de pasjint nei ûnder helle wie, waard er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De brânwacht hat nei ôfrin alle brûkte materialen ûntsmet. Ek de brânwachtmannen sels waarden bespuite mei ûntsmettingsmiddel, wêrnei't se fiif minuten wachtsje moasten. Dêrnei binne se, krekt as alle materialen, ôfspuite mei wetter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)