Omrop TIP: Earste Fryske reaksjes fan parsekonferinsje Rutte yn ekstra Fryslân Hjoed

Omrop Fryslân hat tiisdeitejûn om 19.00 oere in ekstra edysje fan Fryslân Hjoed. Earst wurdt de parsekonferinsje fan premier Rutte live útstjoerd. Dêryn sil dúdlik wurde hokker maatregels it kabinet nimme sil oangeande de oanpak fan it coronafirus. Oanslutend praat presintator Arjen de Boer mei Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân oer wat de besluten betsjutte foar Fryslân.
© Shutterstock
Yn de parsekonferinsje meitsje premier Rutte en RIVM-direkteur Jaap van Dissel bekend oft de maatregels mei yngong fan 28 april fersoepele wurde kinne of net. Dúdlik wurdt dan ek hoe't dat oanpakt wurde sil.
Yn de studio praat presintator Arjen de Boer oanslutend fierder mei Sybrand Buma, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân. Buma fertelt hoe't hy sjoch nei de maatregels dy't it kabinet no nimt. Moandei siet Buma noch om tafel mei it kabinet om advys te jaan oer hoe't Veiligheidsregio Fryslân nei de tastân fan it coronafirus yn Fryslân sjocht.

Wat betsjutte besluten foar ûndernimmers en ûnderwiis?

Op lokaasje prate ferslachjouwers fan Omrop Fryslân mei Sieger Dijkstra fan VNO-NCW Noard en Albert Helder fan skoalkoepel Proloog. Sy sille útlizze hokker gefolgen de besluten fan it kabinet yn harren optyk hawwe sille foar it ûndernimmersklimaat en it ûnderwiis.

Ek te folgjen op ynternet en radio

De ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed is om 19.00 oere ek te folgjen op ynternet en op 'e radio.