Meldpunt foar misrinnen berne-opfangtaslach

21 apr 2020 - 11:23

Belangeferiening fan Alden yn de Berneopfang BOinK iepenet tiisdei in meldpunt foar âlden dy't gjin kompensaasje driigje te krijen foar berneopfang, dy't se troch de coronakrisis misrinne. It giet benammen om âlden dy't it folsleine bedrach betelje en gewoanwei net yn oanmerking komme foar berne-opfangtaslach.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Neffens Gjalt Jellesma fan de Belangeferiening giet it soms om bedragen tusken de 1.500 en 2.500 euro yn 'e moanne. Guon fan dizze minsken meitsje no hielendal gjin gebrûk fan de berneopfang, mar betelje wol troch.

Earder melde de oerheid dat alle âlden jild weromkrije, mar om't dizze spesifike âlden gjin taslaggen krije, binne se ek net yn byld by de Belestingtsjinst. It soe gean om in pear tûzen húshâldens yn Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)