Coronaproof op 'e merke: hoe hâlde je 1,5 meter ôfstân yn in spûkhûs?

De '1,5 meter-proefmerke' is foar ûndernimmers yn de merkebrânsj in útkomst. Om't harren sektor ek noch hieltyd stilleit fanwegen de coronakrisis, binne sy mei in grut eksperimint begûn om de merke yn de 'oardelmetermienskip' in plakje te jaan. Hoe hâlde je no bygelyks dy ôfstân yn in spûkhûs? Yn Apeldoorn is op it stuit in hiele grutte merke opboud.
Opbou fan de proefmerke yn Apeldoorn © ANP
Atze Lubach, foarsitter Nationale Bond van Kermisbedrijfhouders Bovak

Publyk net wolkom

De proefmerke bliuwt fjirtjin dagen stean. Yn dy tiid kinne saakkundigen en karmasters mei eigen eagen sjen oft de úttochte maatregels ôfdwaande binne en goed wurkje. Atze Lubach is de foarsitter fan de Nationale Bond van Kermisbedrijfhouders Bovak: "Der stean hjir no sa'n 30 attraksjes, lykas de botsauto's, in reuzerêd, mar ek in spûkhûs, draaimûne, oaljekoekskream, gripers. Alles stiet der, mar it is net iepen foar publyk."

Protokollen

Sûnder protokollen meie ûndernimmers de merke net iepenje. "En dus jouwe wy gehoar oan de oprop fan minister Wiebes fan Ekonomyske Saken om nei te tinken en plannen út te wurkjen oer hoe't wy yn de oardelmetermienskip wol wurkje kinne. It moaie is dat wy it mei dizze proefopstelling ek echt sjen litte kinne."
Op oardel meter botse yn 'e botsauto's © ANP
It bûn hat syn leden oproppen om dêr oer nei te tinken. "Dat barde fuortendaliks, sels op attraksjenivo", fertelt Lubach. "Mei de sjittinte kinne je fansels maklik oardel meter ôfstân hâlde, mar hoe wurde de prizen weijûn en hoe jouwe je it gewear oer? Moat dy nei elk gebrûk skjinmakke wurde? Dat type fragen komt no oan bar. En dan moatte je dus ek earlik wêze as it net slagget."
Lubach seit dat de coronamaatregels desastreus binne foar de merkebransj. "Wy wolle neat leaver as nei 1 juny de merke wer opstarte en dan is it belangryk dat je in plan hawwe en dêrom sjogge wy der no ek serieus nei. Dan kinne we goed taret wêze." Oft it publyk der dan ek klear op is, is dan fansels de fraach, beseft ek Lubach.