BAM bout nij logistyk sintrum op fleanbasis Ljouwert

21 apr 2020 - 08:35

Boubedriuw BAM hat in oerienkomst sletten mei it Rijksvastgoedbedrijf foar it yntegrale ûntwerp en de realisaasje fan in Integraal Logistiek Centrum op fleanbasis Ljouwert. It boubedriuw makke it nijs moandei sels bekend.

Foto: BAM Bouw en Techniek

It projekt wurdt útfierd yn gearwurking mei gebou-arsjitekt cepezed, lânskipsarsjitekt Hosper, en abtWassenaar, dat ferantwurdlik is foar de konstruktive ûnderbouwing, boufysika en brânfeiligens.

BAM is al úteinsetten mei de tarissings foar de ûntwerpfaze. As it technysk ûntwerp yn it earste fearnsjier fan 2021 klear is, set de bou yn it foarjier fan 2021 útein. De beëage oplevering stiet pland yn juny 2022.

(advertinsje)
(advertinsje)