Kollum: "Met Flipje een solowipje"

21 apr 2020 - 08:30

"'Don't mention the war!' In klassyk wurden útspraak fan Basil Fawlty út de searje Fawlty Towers. John Cleese dy't syn personiel ynstruearret, wylst er sels syn Dútske gasten oanienwei belediget. Mei as hichtepunt de imitaasje fan Adolf Hitler, wêrby't Cleese de lange, meagere skonken hast tsjin it plafond slacht. Dêr moast ik oan tinke doe't ik sitten gie om dizze kollum te skriuwen. 'Don't mention the c-word!'

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Want dat haw ik gauris dien, it c-wurd brûke yn de kollums fan de ôfrûne wiken. En dan doel ik net op fitamine c, op films út de c-kategoary of beha's mei kupmaat c. Hoewol't oer dat lêste stik klean in mysterieus berjocht yn de krante stie. Yn in linzjeryboetyk yn Arnhem hingje nammentlik tal fjouwerkante meters oan pleksyglês yn de pashokjes. 'Sa kinne wy de bh feilich op maat stelle,' seit de eigneres fan de boetyk. 'Earst die de klant dat sels en stiene wy op oardel meter ôfstân ta te sjen. Mar dan moast toch it gerdyn fan it pashokje iepen, en stiet de klant wol yn har ûnderguod.' Dus hawwe se pleksyglês ophongen om de klant yn it hokje helpe te kinnen.

Ik hie muoite om de kop dêr omhinne te krijen. Sitte der dan gatten yn it pleksyglês dêr't de earmen trochhinne kinne om sa de bh te ferstellen? Behalve futuristysk komt my dat ek wol wat kinky oan. Blauwe lateks mofkes dy't anonym boarsten yn in kanten túchje manoeuvrearje.

No waard dy tinkwize ek stimulearre troch oare opfallende berjochten. Lykas dat oer Chantall van den Heuvel út Tiel. Dy leveret op har eigen bysûndere wize in positive bydrage oan de situaasje fan no. Chantall ferlotte ommers ferline wike seksboartersguod ûnder de ynwenners fan Tiel yn de Betuwe. Se hie yn de krante lêzen dat it hieltyd dreger waard om sok boartersguod te krijen, om't dat benammen yn Sina makke wurdt. Dy fabriken lizze stil, dat besleat Chantall om dêr wat oan te dwaan. Sy hie genôch yn foarrie. Net om't se dy ferkeapet, mar om't se dy test. Se kriget se opstjoerd troch fabrikanten. Soms meardere eksimplaren tagelyk.

Om't se dus genôch fan dat willeark hie betocht se de ferlotting. Se sei der mei klam by dat it net brûkt wie, alles wie spiksplinternij. Ofrûne sneon hat se fiif gelokkigen út de oanmeldingen lutsen. Sûnt gûnzet Tiel fan tefredenens. Eartiids wie it plak bekend fanwegen Flipje, de maskotte fan jamfabryk De Betuwe. De boargemaster fan Tiel wol it plak op 'e nij op 'e kaart sette, no mei de slogan: 'Met Flipje een solowipje'.

Sokke berjochten stimulearje myn tinkwize oer bepaalde saken. Want hoe ferrint bygelyks in sollisitaasjeproseduere foar in baantsje as tester fan willeark? Tink dêr mar ris oer nei. Dan doch ik dat ek. En kin ik konkludearje dat it my slagge is om it dizze loop net oer it c-wurd te hawwen. Whoehoe!"

(advertinsje)
(advertinsje)