GrienLinks en PvdA stelle opnij fragen oer fleanen definsje boppe Waadsee

21 apr 2020 - 08:29

De Fryske fraksjes fan GrienLinks en de PvdA wolle opheldering oer it tastean fan it fleanen boppe de Waadsee troch Definsje sûnder natoerfergunning. Strieljagers meie oant oktober sûnder fergunning boppe it gebiet fleane.

In F16 - Foto: Shutterstock.com

De twa partijen trúnje Deputearre Steaten opnij oan om dit ûnderwerp mei it ministearje fan Definsje te bepraten. Se wolle dat der in oanfraach foar in fergunning dien wurdt en se wolle witte wêrom't de oanfraach foar in natoerfergunning útsteld is. Beide partijen fine it leechfleanen fan Definsje net passen boppe de Waadsee, fanwegen de kwetsberens fan de natoer . Se wolle boppedat dat der in betroubere monitoring komt fan de effekten fan it leechfleanen op de natoer.

Yn 2008 hat steatssekretaris fan Definsje Jack de Vries tasein in fersyk yn te tsjinjen foar in natuerfergunning foar militêr ferkear. Neffens natuerorganisaasjes is dit noch hieltyd net bard.

Trefwurden: 
GrienLinks PvdA definsje fleane
(advertinsje)
(advertinsje)