Rinse Bleeker: "Smyt de topsportfasiliteiten wer iepen"

"Smyt de fasiliteiten foar topsporters wer iepen." Dat seit Rinse Bleeker, algemien direkteur fan Sportstad Heerenveen. Dit wykein pleitte technysk direkteur Maurits Hendriks fan it NOC*NSF ek al foar ferromming foar de topsporters. Bleeker stipet dy miening.
Ynternetrepo Rinse Bleeker
"Neffens my hawwe wy dêr wol ferlet fan. Dan komt der ek wer wat enerzjy los." Sa begjint Bleeker. "Oan de oare kant, we ha te meitsjen mei in firus. We witte net hoe't it komt. Mar de topsport soe wol wer in begjin meitsje kinne." Topsportbûnen hawwe dat al oanjûn en Maurits Hendriks fiert de druk al wat op troch te sizzen dat topsporters wer oan de slach kinne, as it oan him leit. "Wat my oanbelanget wurdt der hiel fasearre wer úteinset mei topsport."

Sportstad Heerenveen is der klear foar

Neffens Bleeker is Sportstad Heerenveen der klear foar. "We hoege hjir net in hiel soad oan te passen foar de topsporters. It giet om sân of acht turners. Dy kinne je kontrolearre, bygelyks yn tiidsslotten, wer oan it trainen litte. Dat jildt net foar teamsporten of foar judo." Foar de breedtesport jildt dat ek noch net. "Yn in fitness-seal kinne we op termyn wol wat dwaan. Mar breedtesport yn team-ferbân is hast net te oranisearjen. Mar yn de fitness-seal kinne wy wol wat dwaan."
Rinse Bleeker, algemien direkteur fan Sportstad Heerenveen
Sportstad Heerenveen op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, René Koster