Ferhalen fan Tryater: efkes de sinnen fersette

It is efkes omskeakeljen foar Tryater yn dizze tiden, want hoe meitsje je teäter en fertelle je ferhalen sûnder publyk? It teäterselskip begjint stadichoan syn draai te finen yn dizze nije realiteit. Sa kin publyk belle wurde troch ien fan de spilers of meiwurkers fan Tryater foar in ferhaal. En de ôfskiedsfoarstelling fan artistyk lieder Ira Judkovskaja wurdt digitaal.
Tryater en Corona

Ofskie

Der wurdt in soad fia Zoom repetearre foar de foarstelling '1000&1 Nacht'. Mei de foarstelling nimt artistyk lieder Ira Judkovskaja nei mear as tolve jier ôfskie fan Tryater. De foarstelling soe oan de râne fan Ljouwert wêze, op it plak dêr't ea de jiskebult wie, mar dat kin net trochgean fanwege de coronakrisis. Der wurdt no ûndersocht hoe't de foarstelling it bêste online útfierd wurde kin. De premjêre is ein maaie.
De repetysjes binne digitaal, Ira jout ynstruksjes en praat eltsenien by. De akteurs sitte thús efter harren kompjûters. "We hebben nog niet alle props en kledingstukken. De kroon voor Jochem is per ongeluk bij Dimitri bezorgd om maar een voorbeeld te noemen."
Se fertelt dat it in dreech momint wie doe't se eltsenien opbelje moast om te fertellen dat it oarspronklike stik net trochgean koe. "Sommigen dachten: dan beginnen we online en maken we het later af. Maar ik zei nee, we gaan iets bedenken en maken, dat ook online te zien is."

Ferhalen

Njonken dizze fernijende wize fan teäter meitsjen giet it teäterselskip mei harren râneprogrammearring Tryater Rûnom just werom yn de tiid. Akteurs en meiwurkers pakke de telefoan op en belje minsken om in ferhaal te fertellen. Ien fan harren is aktrise Eline de Vries. "It is bêst wol spannend. Ik sit eltse kear dochs wol mei swit yn 'e hannen, hoe sil hy of sy it fine want sjochtst dyn publyk no net."
De fertellers kinne kieze út in grut ferskaat oan ferhalen en mearkes. "Mar ek mytes en sêgen. Hjoed haw ik in stikje foarlêzen út 1000&1 Nacht: Sinbad de seerôver." It giet om de ferhalen, mar oan de ein wurdt faak ek noch wol in praatsje makke. "Lêst hie ik in man oan 'e telefoan dy't sei: dit ferhaal giet echt oer my! Doe krige ik in lyts libbensferhaal te hearren."
Aktrise Eline de Vries oan de telefoan
Omrop Fryslân stjoert op 23 maaie in Fryslân Dok út oer artistyk lieder Ira Judkovskaja, dy't der dizze simmer mei ophâldt. Se wurdt opfolge troch Tatiana Pratley.
© Tryater