Briedgedrach fan skries yn kaart brocht mei geolocator

21 apr 2020 - 06:31

Trekfûgelûndersikers ferbûn oan de Ryksuniversiteit yn Grins dogge al jierren ûndersyk nei it briedgedrach fan de skries. Under lieding fan professor Theunis Piersma is mei it oars ynsetten fan 'geolocators' no dúdlik wurden dat skriezen hast altyd in twadde nêst meitsje as it earste mislearre is. It ûndersyk is publisearre yn it aprilnûmer fan it wittenskiplike tiidskrift Journal of Avian Biology.

Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

"Geolocators zijn kleine chips die iedere vijf minuten de lichtintensiteit vastleggen, samen met de datum en exacte tijd", leit promovendus Mo Verhoeven út. "Uit die combinatie kan hij de lengte en breedte berekenen uit de tijd voor zonsopkomst en -ondergang. Geolocators blijven tot wel 26 maanden werken, en na verwijdering zijn alle metingen uit te lezen."

Doel fan de geolocator is om te efterheljen hoe't en wannear't fûgels trekke. Verhoeven hat de geolocator foar dit ûndersyk lykwols oars tapast. "Tijdens het broedseizoen laten ze donkere perioden zien tijdens de dag. Dat gebeurt wanneer een vogel op het nest zit, met de poten onder het lichaam. We kunnen daarom bepalen wanneer onze vogels broeden. Dat is een interessant gegeven: nauwkeurige informatie over het broedgedrag is lastig te krijgen, aangezien het observeren van nestelende vogels ze ook verstoort."

Foto: Omrop Fryslân

Untdekking

It ûndersyksteam fan Verhoeven ûntduts dat alle skriezen in twadde nêst makken as it earste mislearre wie. "Tot nu toe waren de schattingen dat dit in 20 tot 45 procent van de gevallen gebeurde. In gewone studies waarbij nesten werden geobserveerd zijn blijkbaar veel tweede nesten aangezien voor eerste pogingen, of ze zijn helemaal niet gezien. Tijdens het broedseizoen verschuift onze aandacht doorgaans van het vinden van nesten naar het volgen van de ontwikkeling van de kuikens", leit Verhoeven út.

Wat ek út it ûndersyk bliken docht is dat de skries nei 18 maaie gjin nêst mear makket om syn earste briedsel te ferfangen. Verhoeven is dêr tige entûsjast oer. "Al in 1954 heeft een bioloog experimenten gedaan waarbij hij nesten van grutto's verstoorde. En daarbij zag hij dat er na 20 mei geen vervangend nest werd gebouwd, dat is bijna exact dezelfde datum! Het is intrigerend dat er zo'n strikt einde is aan het broedseizoen. Waardoor komt dat? Dat zou ik graag willen ontdekken."

Mo Verhoeven

(advertinsje)
(advertinsje)