Liveblog | 21 april 2020

Coronanijs fan 21 april: bern wer nei skoalle, eveneminten oant 1 septimber skrast

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 22 april 2020, 06:15
tiisdei 21 april 2020
21:37

Fan SKS Skûtsjesilen oant Psy-Fi: dizze eveneminten geane net troch

Dizze simmer net mei in kleedsje nei dat iene iepenloftspul of mei de fierrekiker op 'e wâl nei it skûtsjesilen sjen. Grutte eveneminten geane net troch dizze simmer. Yn els gefal oant en mei 1 septimber 2020 meie dy net plakfine. Hjir in oersjoch fan de eveneminten dy't wy dit jier oerslaan moate.
Sjoch hjir in list mei eveneminten dy't net mear trochgeane, mei reaksjes fan de organisatoaren.
Psy-Fi festival © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
20:58

SKS Skûtsjesilen net yn 2020

Ek it SKS Skûtsjesilen giet yn 2020 net troch. Dat bart foar it earst yn de skiednis fan de feriening. It soe in jubileumjier wurde foar de wedstriden, mar fanwegen it coronafirus kin it evenemint op 18 oant en mei 31 july net mear trochgean.
SKS Skûtsjesilen by Terherne op de Snitser Mar, fan de pier ôf sjoen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
20:56

It festival Psy-fi yn Ljouwert giet ek net mear troch

20:39

Mear ynformaasje oer de maatregels fan Veiligheidsregio Fryslân

20:28

Freed petearen KNVB mei Cambuur en SC Hearrenfean

Der komt freed mooglik mear dúdlikens oer wat de takomst sportyf bringt foar fuotbalklups Cambuur en SC Hearrenfean. De KNVB sil dan mei alle klups oerlizze oer hoe no fierder. De kompetysje kin net útspile wurde oant 1 septimber, no't de coronamaatregels ferlingd binne. Mar der sil nei alle gedachten wol praat wurde oer promoasje en degradaasje. Cambuur is koprinner yn de earste difyzje en dat soe betsjutte kinne dat de Ljouwerters in plakje yn de earedifyzje krije.
20:27

Buma: "Spitich foar Fryske evenemintensimmer, mar begryplik beslút kabinet"

It ferlingen fan de coronamaatregels kin rekkenje op begryp by boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Mar hy snapt de teloarstelling oer bygelyks de gefolgen foar de Fryske eveneminten dy't fan it simmer net trochgean kinne, by hoareka dy't tichtbliuwe moat en by de kultuersektor. Dat sei Buma yn in earste reaksje op de parsekonferinsje fan it kabinet en it RIVM.
Lês hjir it folsleine artikel.
© Omrop Fryslân