Plysje siket bestjoerder dy't útnaaide nei ûngelok yn Ljouwert

Op de Groeneweg yn Ljouwert hawwe moandeitejûn twa auto's mei-inoar yn botsing west. Ien fan de bestjoerders is troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar de persoan hoegde net nei it sikehûs. De oare bestjoerder is nei it ûngelok útnaaid. De plysje is op syk nei dizze persoan.
© Kappers Media
Der is ek in Burgernet-melding ferstjoerd fanwegen it útnaaien fan de bestjoerder.