Dit ferwachtet direkteur Veiligheidsregio Fryslân fan it kabinet

20 apr 2020 - 20:10

Direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân Wim Kleinhuis jout oan dat ús provinsje net fuortendaalks sizzenskip hat yn it oerlis mei it kabinet. "Wy hawwe net direkt wat meijaan kinnen oan it kabinet foar it beslút wat sy nimme moatte. Us foarsitter is mei it foarljochtingsberied byinoar en dan prate se mei de minister oer de maatregels dy't tiisdei foarlizze. Dêr kinne sy advys oer jaan. Mar wy wurde net streekrjocht frege nei wat wy der fan fine."

Kleinhuis sjocht wol graach dat der net allinne sjoen wurdt nei wat nét mei, mar ek nei wat wól mei. "Dêr't ik op hoopje is dat moarn nei bûten komt is dat wy binnen de regels dwaan moatte wat wól kin. Dat giet oer it foarmjaan fan dy 1,5 meter-maatskippij, bygelyks by sportskoallen. Dan kin de boel stadichoan wat losser. Ik ferwachtsje dat it kabinet tiisdei wol wat regels losser makket, mar net in hiel soad. Guon sporten lykas tennis of golf kin prima ûnder bepaalde kondysjes. Benammen dy 1,5 meter," seit Kleinhuis.

Regels

Dochs sil der net fuortendaalks sprake wêze fan in grutte ferromming fan de coronamaatregels, tinkt hy. "Je moatte der net op rekkenje dat je mei grutte groepen byinoar komme moatte. Dan is it risiko op besmetting te grut. Eins wol ik ús Friezen wol in komplimint jaan, want neffens my hâlde wy ús frij massaal oan de regels. Der binne altyd guon dy't harren der net oan hâlde, mar dat is mar in lyts part fan de ynwenners. Dan sille wy ek net wifelje mei hanthavening, en dat komt dan fansels yn it nijs. Mar eins giet it hartstikke goed."

Sifers

Yn Fryslân binne der oant no ta yn totaal 48 minsken ferstoarn oan it coronafirus en der binne 455 minsken posityf test op it firus. "Dy sifers sizze fansels net in hiel soad," seit Kleinhuis. "Wy teste minsken yn de sûnenssoarch en minsken dy't ús oanbean wurde, dat is hiel wat oars as at random teste ûnder in befolkingsgroep. It seit neat oer it totaal oan besmettingen yn Fryslân."

(advertinsje)
(advertinsje)