Fries Museum hopet dat oarlochstentoanstelling ek noch fysyk iepen kin

20 apr 2020 - 19:31

Yn it Fries Museum yn Ljouwert binne moandeitemiddei twa oarlochweinen nei binnen riden. It giet om in Jeep en in Dodge. It museum is offisjeel ticht, mar der wurdt wol hurd wurke oan in nije tentoanstelling, dêr't de twa auto's ûnderdiel fan wurde: Oog in oog met oorlog. De beide auto's binne op in grutte truck it Fries Museum yn riden.

Jorrit Volkers is eigener fan de beide weinen. "Dizze jeep hat altyd yn Fryslân west. De jeep is yn de oarloch mei de Kanadezen nei de provinsje kaam, dêrnei hat it in hiel skoft yn in museum stien by Kapinga. Dat haw ik opkocht mei in freon fan my. De jeep wie der min oan ta, mar hy is opknapt en it écht in orizjinele. Dat fine wy leuk. De Dodge is makke yn Kanada. Dat binne tige eigensinnige minsken, de wein is smeller makke, hy kin yn in glider troch de loft ferfierd wurde en hy koe troch it wetter.

It is noch in poepetoer om se yn it museum te krijen. "De lift wie net sterk genôch foar de Dodge. Wy sille it no op in djiplader dwaan, dy ride wy nei binnen ta en dan yn de grutte lift. Dy kin it wol hawwe. Mar wat ymprovisaasje heart der ek by," laket Volkers.

Betinking

Volkers hie him taret op in moaie betinking dit jier, mar troch it coronafirus wurdt dat wol wat oars. "Yn 2015 hiene wy hjir noch 18 Kanadeeske feteranen, yn 2018 noch 6. No hiene wy noch 6 ferwachte, en sa'n 120.000 minsken yn de stêd op 5 maaie. Dat moat no mar takom jier."

Eigener Jorrit Volkers

Museumdirekteur Kris Callens is tige wiis mei de oarlochsweinen. "Er is hier in Fryslân een mooie collectie van legervoertuigen uit de Tweede Wereldoorlog. Daar kunnen we nu mooi gebruik van maken. De tweede verdieping bestaat nu uit de vaste presentatie van het Fries Verzetsmuseum aan de ene kant en deze tijdelijke tentoonstelling Oog in oog met oorlog aan de andere kant. Het laat de impact van de oorlog zien. Te beginnen met de inval in 1940 en het eindigt met de bevrijding in 1945. Er zijn vooral foto's en films te zijn, ook een paar die recent ontdekt zijn en die hier voor het eerst worden getoond."

23.000 sjoggers yn in pear dagen

De tentoanstelling is opset fanwege 75 jier frijheid, mar fanwegen it coronafirus is dat no earst digitaal. En it docht bliken dat it in sukses is. "De tentoonstelling was al online op Facebook te zien. Dat heeft ons aangenaam verrast: 23.000 kijkers tot nu toe op 4-5 dagen tijd. We hopen dat nog veel meer mensen het gaan bekijken. En natuurlijk dat we binnenkort weer een beetje open kunnen gaan. In deze tentoonstelling is het relatief eenvoudig om genoeg afstand te houden, maar dat moet natuurlijk ook bij de garderobe, toiletten, ingang."

Plan om wer iepen te gean leit klear

Callens hopet wer gau iepen te kinnen. "Er is een plan waar we volop mee bezig zijn, maar de randvoorwaarde is wel dat er een nationaal beleid is dat zoiets toestaat. Dinsdag komt er een belangrijke persconferentie, dan hopen we een beetje te weten hoe de hazen gaan lopen en dat de museum nog een aantal maanden is te zien. Want er komt ook weer een nieuwe tentoonstelling in oktober: Haute Bordure."

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum

(advertinsje)
(advertinsje)