Fryslân fan Boppen: hjir fljocht de drone tiisdei en woansdei del

21 apr 2020 - 09:00

Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûten fan takom wike, moandei oant en mei freed.

Foto: Omrop Fryslân

Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freget fan elkenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen sille de drones in rûte oer ús provinsje fleane, om alle hertferwaarmjende stipebetsjûgingen yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Twadde Alvestêde-etappe

Tiisdei 21 april dogge wy de twadde Alvestêde-etappe. Wy filmje yn plakken fan Molkwar oant Frjentsjer. Wy fleane mei twa teams dy't tusken 9.00 en 13.00 oere elk in part fan de rûte filmje. Team ien fljocht fan Molkwar nei Hylpen, Warkum, Parregea, Tsjerkwert nei Boalsert. Team twa fljocht fan Wytmarsum nei Arum, Kimswert, Harns nei Frjentsjer.

Tredde Alvestêde-etappe

Woansdei 22 april dogge wy de tredde Alvestêde-etappe. Wy filmje yn plakken fan Doanjum oant Aldtsjerk. Wy fleane mei twa teams dy't tusken 9.00 en 13.00 oere elk in part fan de rûte filmje. Team ien fljocht fan Doanjum, Berltsum, Sint-Anne, Froubuorren, Alde Leie, Hijum nei Stiens. Team twa giet fan Feinsum nei Bartlehiem, Burdaard, Dokkum en Aldtsjerk.

Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglike ûnferwachte omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.

Let op, de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!

'Fryslân fan Boppen' is in projekt fan LF2028, de Fryske gemeenten, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Op woansdei 15 april, de dei dat 75 jier befrijing fan Fryslân fierd waard, binne de droneteams begûn. De opnamen fanút de loft binne in dei letter op telefyzje en op ynternet te sjen.

Fryslân fan Boppen is in (wurk-)dei letter te sjen op telefyzje (ûnder it programma 'de Middei fan Fryslân') tusken 14.00 en 16.00 oere. Jûns om 21.30 oere is der in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.

(advertinsje)
(advertinsje)