Fideodeiboek: "We zijn aan het uitzoeken hoe wij financieel door deze tijd kunnen komen"
Alle reservearringen binne annulearre en de camping is leech. Dat is op dit momint de situaasje op de wettersportcamping yn Heech. Eigener Karin Veldhuizen fertelt yn har vlog oer de ympakt fan de coronakrisis. Want hoe lang kin se it folhâlde sûnder ynkomsten?
VLOG Karin Veldhuizen
Mear vlogs fan Karin Veldhuizen en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

Karin Veldhuizen
Karin Veldhuizen (55) is eigener fan in wettersportcamping yn Heech. Gerssprytferhierder neamt sy it ek wol. Troch de coronacrisis is it stil op de camping. It falt harren swier om gjin ynkommen te hawwen, omdat se ôfrûne winter in soad ynvestearringen dien ha.