Kabinet ta de bûse foar stikstofprobleem: 5 miljard foar kommende 10 jier

20 apr 2020 - 18:46

It kabinet sil de kommende tsien jier 5 miljard euro ynvestearje om it stikstofprobleem oan te pakken. It moat elts jier gean om sa'n 300 miljoen euro om de natuer te ferbetterjen en sa'n 200 miljoen it jier om de útstjit fan stikstof omleech te bringen. Freed soe it kabinet it stikstofbelied fêststelle moatte, sa skriuwt RTL Nieuws.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Mei de 200 miljoen moatte ek boerebedriuwen opkocht wurde fan boeren dy't ophâlde wolle. Ek sil it brûkt wurde om om te skeakeljen nei in duorsumere wize fan lânbou.

Ein 2019 kaam it kabinet mei in spoedwet om de bou wer op gong te krijen, dy't fanwege in útspraak fan de Ried fan Steat oer de útstjit stil lei. Doe is der al foar goed 700 miljoen ynvestearre om de útstjit omleech te bringen en de natuer te helpen. Dêr komt dus no nochris 5 miljard by, net allinne foar de natuer, mar ek foar de bou en ynfrastruktuer.

Trefwurden: 
boeren stikstof kabinet
(advertinsje)
(advertinsje)