Eachfûns jout tips foar sûne berne-eagen mei corona

20 apr 2020 - 18:41

Bliuw thús, is de opdracht dy't wy yn dizze perioade allegear meikrije. No't we thús sitte, sjogge we wol folle mear nei ús skermen: telefyzje, laptop, tablet, telefoan. Dat dogge bern ek en dêrom is it Oogfonds mei in aksje begûn. Want tefolle nei dy skermen sjen en minder nei bûten ta kin skea oan de eagen feroarsaakje.

Foto: Pixabay

Sa hantearret it eachfûns it 20-20 prinsipe, fertelt eachdokter Floor Klink fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Nei 20 minuten wurk op kompjûter, tablet of telefoan 20 sekonden wat oars dwaan om te ûntspannen, by foarkar bûtendoar. As bern te faak 'tichtby wurkje mei de eagen' went it each dêroan en groeit it oars as in normaal each. Bern hawwe dêr net fuortendaliks lêst fan. Dat fernimme pas as se in jier of 20 binne. As se nei de fyftich lûke, kin dat liede ta eachsyktes lykas netfluesloslitting of makuladegeneraasje.

Wat ek wol helpe wol, is bern game te litten op in grut telefyzjeskerm. Fierders wurdt oanret om deis op syn minst twa oeren bûtendoar te wêzen, oft it no bewolkt is of oft de sinne skynt, it is al like folle.

Eachdokter Klink

(advertinsje)
(advertinsje)